sette moatte en dat wy ôffal skiede, wannear’t se welk jild krije, werom’t se earst by de Kredietbank sitte, werom’t se 6 moanne wachtsje moatte foardat de gemeente plak hat by de ynburgering. Ik ha oeren trochbrocht oan de keukenstafel mei stapels post, in soad koekjes en tee mei in soad sûker, wachtwurden dy’t kwyt wiene en brieven wêrfan sels ik net begryp dat se ferstjoerd binne. ‘Lis mar ris út hoe us soarchsysteem wurket’ Persoanlike ferhalen Mar it binne net dit soarte fan saken dy’t my by bliuwe. It binne de persoanlike ferhalen dy’t se mei my diele. Sa as dy kear dat de heit my yn fertrouwen fertelde dat hy him soargen makke oer syn soan dy nei Amsterdam west hie. Oer de kear dat de dochter jierdei wie en de heit yn pak op skoalle kaam omdat hy tocht dat der in feestje wie foar syn dochter. (Hy hie it wurd ‘trakteren’ ferkeard begrepen). Of de kear dat it jonkje sa bliid wie mei syn nije twaddehâns fyts (en in pear wiken letter tsjin de auto fan de buorman oan kaam). Want as alles nij is dan is in ‘luisterend oor’ en ien dy ‘t je fertrouwe kinne al mear as genôch. De folgjende kear mear oer mei nei de ferloskundige, want mem wie yn ferwachting, wurk sykje èn fine foar de âldste soan en oare bysûnderheden dy’t foar ús hiel gewoan binne, mar foar harren net. Maaike Kuipers Mandeguod juni 2026 | 49
50 Online Touch Home