51

De Gielguorde: Keningsspullen Op 24 april wie it ien en al opskuor yn en rûnom de Gielguorde. Skoalle hie yn gearwurking mei de âlderkommisje grut útpakt foar de Keningsspullen. De âlderkommisje hie 10 ferskillende wurkwinkels rûnom ferskate sporten regele, dy’t de bern folgje koene. 3 sporten foar elts bern. Sa kamen sy yn oanrekking mei de wolbekende sporten yn Mantgum sa as keatsen, judo, kuorbal, hurddrave en tennis. Mar ek kamen yoga, dûnsjen, Frysk damjen, tafeltennis en skeelerjen oan bar. De learkrêften hiene groepkes gearstald en dienen ek folop mei. Wat in ferdivedaasje en aktiviteit sa op dizze kâlde moarn. Mei-inoar de dei starte mei in dûns op it plein, dernei yn groepkes ûnderweis. Fruit ite en mei inoar de wurkwinkels opsykje. Yn dizze oranje massa fan bern en sporten wist elk syn paad te finen. Kompliminten foar de organisaasje fan de skoalle út, mar ek oan alle workshop lieders. Fijn dat elk sa ree wie om op dizze moarn dit programma del te setten. Oan de blide en wurge kopkes te sjen, hawwe sawol bern as folwoeksenen genoaten. De âlderkommisje (mei farske nije leden) sjocht no al wer út nei in folgjende aktiviteit! Oant dan! Leontien, Sjoukje, Skelte, Tessa, Pieter, Foekje en Doete Mandeguod juni 2026 | 51

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication