50

50 Mandeguod of ûnkrûdbestridingsmiddels. Ien fan harren trúkjes om gjin lêst fan slakken te hawwen is om skieppewol om de foet fan de planten te lizzen. Dêr hâlde slakken net fan. Boppedat hâldt dy skieppewol ek it focht fêst, gjin gek idee yn sa’n drûge simmertiid. Safolle mooglik ynsektenminnende planten en fansels ek de struken dy’t yn in Vlaskamptún heare, sa as jasmijn. Se binne beide ek drok oan it planten siedzjen en stekken, dat se ha no lêst fan it fenomeen “T.T.K.” – Tuin Te Klein. Dat is ek wol te sjen oan al dy grutte en lytse potten mei jonge plantsjes en stekjes. Al mei al dogge de tunen fan Tjerkje en Annette it no sa goed dat se in hiel soad blommen, griente, fruit en allegear ‘moestuinprodukten’ opsmite. Mear as wat se sels ea brûke kinne. No ha se al in bytsje ûnderfining mei dingen lâns de dyk ferkeapje: in pear jier lyn hiene se al in ‘sjinees’ karke by de dyk stean sadat se wat planten ferkeapje koene – de opbringst wie foar Natuurmonumenten. En eins wolle se no dy kant ek wer út, mar dan wolle se de opbringst yn de tún sels stekke. Se wolle ynvestearje yn in nòch moaiere tún! Want de tunen fan sawol Tjerkje as Annette wurde beide sa no en dan op ôfspraak iepensteld foar rûnliedingen oan túnklubs, en dan moat it der fansels kreas útsjen. Dat wie destiids ek de link tusken beide froulju: se wiene beide stipers fan de Nederlandse Tuinenstichting èn se joegen rûnliedingen yn harren eigen tún. Net allinne Tjerkje har tún wurdt neamd yn in boek fan de Nederlandse Tuinenstichting, mar ek de tún fan Annette. Soks is foar ynteressearre groepen in oantrún om in rûnlieding oan te freegjen, op sa’n dei wurde der op fersyk dan ek al planten en oare túnprodukten ferkocht. Ein juny stiet der ek wer in rûnlieding yn de planning. No wolle dizze twa tún-hobbyisten dus fierder borduere op de mooglikheden fan de tunen fan harren beide. It is de bedoeling dat se wat planten en griente kwyt reitsje mei harren staltsje oan ‘e dyk, en se ha plannen om achter yn de tún fan Annette in hoeke fan de tún te kreëarjen mei blommen dy’t it goed dogge yn boeketten. Dat wol sizze: dat hoekje tún leit al klear. Ferline jier ha se al wat eksperimintearre mei it meitsjen fan boeketten mei blommen dy’t út beide tunen kamen. Dan hast in breed ferskaat oan blommen en kleuren. It hinget uteraard fan de tiid fan it jier ôf hoefolle blommen op in stuit yn bloei steane, want dat wikselet fansels konstant. En omdat se fia fia ek hiel maklik oan fazen komme kinne, kinne der ek boeketten mei faas en al ferkocht wurde. Sa sil ynkoarten dêrom it sjineeske karke fol mei blommen en produkten út eigen wer tún by Annette of by Tjerkje foar hûs stean, en hooplik smyt it safolle op dat de tunen nóch moaier makke wurde kinne.

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication