54

54 Mandeguod wêrûnder doazen mei breiden klean. In wike letter krije we al berjocht dat se de klean útdield hawwe oan de húshâldingen en dat se der hiel wiis mei binne. Neidat we mei de meiwurkers en Kata (ús kontaktpersoan dêr) iten hawwe ride we werom nei Mariapócs. Woansdei is it alwer prachtich waar, we hawwe alle dagen sinne en sa’n 22 graden. Wy bringe earst nij bêdeguod op in ôfdieling fan it tehûs yn Kisléta. Nei it ynladen ride we nei Nyírbátor dêr’t we 47 doazen bringe. De folgjende stop is yn Nyírbéltek dêr’t we 59 doazen foar âlderen achterlitte. Der wurdt in pear kear oanjûn dat se echt hiel wiis binne mei de klean en wy moatte perfoarst bliuwe te iten. Wy krije in soarte fan chili concarne, hiel lekker! In pear bern út Kisléta binne ferhuze nei Fabianháza, 40 km fierderop. Sy wenje dêr no yn in lytsere wenning. Wy beslute om se in besite te bringen, dat is in grutte ferrassing! De famkes steane hielendal te springen en te roppen as se ús sjogge. It hûs is moaier en rommer as dêr’t se weikomme. Wat we wol hiel spitich fine is dat der gjin foarm fan wurk of deibesteging oanbean wurdt. Dêr is de lêste jierren hieltyd mear op besunige en dat makket de dagen foar sokke bern wol lang en saai. Tongersdei giet de earste rit nei it Blijf van mijn Lijfhuis yn Nyíregyháza. Dêr wenje op dit stuit 14 famyljes, mei yn totaal 29 bern. De 63 doazen (ek in pear mei breiden klean), de badsjes en berneweinen dy’t we dêr bringe komme dus goed teplak. Middeis giet de reis nei Berettyoújfalu. Dat is in reedlik lange reis, ûnderweis helje we broadsjes by de Tesco. Yn it tehûs bringe we 52 doazen. Wy hawwe mei de direkteur en in pear meiwurkers in hiel iepen petear oer de politike situaasje yn Hongarije. Bysûnder, want meastal wolle of doarre minsken dêr net frij-út oer te praten. Dat barde hjir dus wol, al gong de doar wol even ticht. En dan is freed 5 maaie alwer de lêste dei. Tradysjegetrou ride we dan nei it Reade Krús. Sy krije 85 doazen, ek mei breiden klean en wat oar guod sa as campingbedsjes. Wy bringe it guod fuortendaliks foar harren nei in magazyn en prate dêrnei even by mei de

55 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication