57

Juli/Augustus 2023 57 Witte jim dat… → … Ary en Yme Meintema ein maaie 65 jier troud wiene? Se ha net in feestje holden achter de geraniums, mar se ha dit mei harren gesin fierd by de dochter op Iislân. → … der op snein 2 july in ‘hagepreek’ op it tsjerkhôf fan Skillaerd wêze sil? It is sûnt in pear jier tradysje om ien kear yn it jier in tsjinst yn de iepenloft te hâlden. It begjint om 10 oere, sels in stoel en in beker meinimme foar de kofje neitiid. → … groep 1, 2 en 3 fan De Gielguorde op 12 july mei de bus nei it Keramykmuseum Princessehof sille? → … keunsthistoarika Karin Straathof op 2 novimber de jûns in lêzing yn de Wjukken hâlde sil oer klaai en keramyk, ierdewurk en porslein? En dat dêrnei op 4 novimber in besite oan it Princessehof brocht wurde sil foar in rûnlieding? Yn it septimbernûmer fan Mandeguod folget hjir mear ynformaasje oer.

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication