9

Juli/Augustus 2023 9 WWC 1 promovearret nei de 2e klasse WWC 1 is der yn slagge om yn de fjildkompetysje fan it kuorbal te promovearjen nei de 2e klasse. Yn in spannende striid tsjin konkurrint Sparta út Sânhuzen wist WWC mei 12-13 te winnen. Troch dizze winst op Sparta is WWC der wis fan dat se takom seizoen útkomme yn de 2e klasse. De nûmers 1 en 2 fan de poule promovearje. Op dit momint stiet WWC 1e yn de poule en kin de ploech fan Joke Koldijk nog kampioen wurde at se sneon winne as gelyk spylje tsjin Emmeloord. De poule 3B fan dizze kompetysje is hiel spannend. Fiif fan de acht ploegen steane ticht by in oar, dus de striid om promoasje wie hartstikke spannend. Wer’t it yn de sealkompetysje krekt net slagge is om te promovearjen, is it no op it fjild wol slagge. Under lieding fan coach Joke Koldijk hat de jonge en ambisjeuze seleksje grutte stappen makke yn de ofrûne jierren en is dit in moaie ôfsluter fan it seizoen. Ferline jier promovearre WWC 1 fan de 4e nei de 3e klasse en no in jier letter fan de 3e nei de 2e klasse yn de fjildkompetysje. Spitich dat Joke nei dit seizoen ophâldt mei de coaching fan de teams fan WWC, mar tegearre ha de spilers fan WWC en Joke it hiel knap dien! Lyssa van der Ende

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication