‘Mantgum is een schoon en opgeruimd dorp en leuk met al die bruggetjes’ As ik op in moarn mei myn rinmaat by de tsjerke del rin sjogge we foar ús 3 grutte mannen en 1 lytsere rinnen. Se ha allegear in giele plestik ôffalsek yn ‘e hân en in griper. ‘Zouden dit mensen met een taakstraf zijn?’ seit myn maat. ‘Ik dacht precies hetzelfde, maar zo te zien zitten er geen bekenden bij, dus laten we het maar niet vragen’ sis ik laitsjend. Efkes letter komme we wer in pear groepkes tsjin. ‘Het zijn waarschijnlijk gewoon vrijwilligers’. As ik letter allinnich rin pak ik in lege plestik beker út it gers. Dat heart dêr net. As ik hast thús bin rin ik wer in twatal temjitte. Ik kin moai de beker yn harren pûde dwaan en tagelyk kin ik it net litte om te freegjen wêr’t se wei komme. ‘Wij zijn een groep vrijwilligers en we gaan elke week naar een ander dorp of gebied toe om in groepjes zwerfafval op te ruimen’, seit de man. ‘We hebben een coördinator die bepaalt waar we naar toe gaan en dan gaan we op de fiets of met de auto er naar toe’. Se komme û.o. út Ljouwert, It Hearrenfean en Wergea. ‘We hebben een pasje zodat we onze gele plastic zakken gratis in een ondergrondse container kunnen gooien’. De frou fan it twatal fertelt dat Mantgum bêst wol opromme en skjin is. Se kinne net in soad grutte dingen fine. Ik fertel dat we hjir ek in groepke ha mei minsken dy’t swerfôffal opromje en dat in tiidsje lyn ek de skoalbern in ronde troch it doarp dien ha. ‘Misschien is het daarom wel zo opgeruimd’. Ik jou it komplimint troch oan ús groepsapp fan de oprommers. Wy ha de kommende tiid efkes frij. Maaike Kuipers Mandeguod juli/augustus 2025 | 11
12 Online Touch Home