Fierder is der ek keunst fan ús bern, Hendrik hat ús âld kat Meneer Jansen ferivige en Lyanne Mauws en Minoes. Alle trije binne se der net mear mar sa hawwe wy se toch noch in bytsje by ús. As lêste noch wat bysûndere plakken en herinneringen. Yn de gong hawwe wy in grutte ôfbylding fan Schloss Tarasp, Nynke har suske wennet al jieren yn Switserlân en it kastiel is in herkenningspunt by har wenplak. Yn de keamer hawwe wy in gedenkplakje foar ús (skoan)heit wer’t wy ek klaverkes-4 stean hawwe, in bytsje “geloof-hoop-liefde”. Reindert en Nynke Wiedijk-Gierman Wy jouwe it stokje graach oer oan ús leave buorfrou Doete Stenekes. Mandeguod juli/augustus 2025 | 25
26 Online Touch Home