3

Al wer in Mandeguod-jier foarby – dit is it dûbeldnûmer foar july en augustus. Dan begjinne we nei twa moanne fakânsjetiid wer oan in nij seizoen yn septimber. As earste wolle wy noch de minsken bedanke dy’t harren lêsten oanmeld ha om rûnbringer te wurden. Wy wiene tige bliid mei sa’n soad reaksjes op ús oprop foar nije rûnbringers foar de Mandeguod. Der wiene sa’n soad reaksjes dat we net elk in rûte jaan koene. Mar no ha we in stik of wat minsken op ús reservelist set – en dat is ek in noflik idee, it feit dat we altyd weromfalle kinne op ús reserve rûnbringers. En zoals je ziet: we komen ook met zakelijk nieuws: de Mandeguod heeft een nieuw mailadres. Het nieuwe mailadres is: mandeguod@mantgum.com We zorgen er uiteraard voor dat de overgang naar het nieuwe mailadres soepel verloopt. Zou je nog naar het oude mailadres een berichtje sturen, dan word je doorverwezen naar het nieuwe mailadres. Hadden we laatst een stormloop van Mantgumers die wel wat voor de Mandeguod willen doen – namelijk iedere maand de Mandeguod in een bepaalde straat rondbrengen – zo zou het ook leuk zijn als we een stormloop van Mantgumers zouden krijgen die zo nu en dan een stukje voor de Mandeguod willen schrijven. Elk heeft namelijk z’n voelsprieten in een bepaalde ‘cluster’ in het dorp, en op die manier zou je ook uit verschillende leeftijdsgroepen, verschillende interessegebieden, verschillende invalshoeken verhalen of teksten binnen krijgen. En skriuw yn dyn eigen taal en út dyn eigen identiteit wei. Ik lies lêsten yn in kranteartikel in sitaat fan Mahatma Gandhi: ”Beskaving is it oanmoedigjen fan ferskaat. Sûnder ferskaat is der gjin beskaving.” Ik bin it roerend mei him iens: fan in bak fol kralen mei ferskillende grutte, ferskillende foarmen en ferskillende kleuren kinst in prachtich moai snoer riuwe. Dêrom: hast in moai ûnderwerp foar in artikel oer Mantgumer minsken of Mantgumer saken: stjoer it nei de Mandeguod. Ta beslút winsket de redaksje elk in noflike fakânsje – en ofst no fier fuort reizgest of ticht by honk bliuwst: kom feilich en wol wer thús! Lys Scarse-de Jong Mandeguod juli/augustus 2025 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication