Se dûnsje dan neffens in choreografy, mar der komme ek wol stunts oan te pas. By it ‘liften’ wurdt ien fan de dûnsereskes omheech tild en wer op de grûn delset. De stunts en de trúkjes, dêr oefenet Fleur wol foar. “Ik kan al bruggetje achterover, met m’n handen tot aan de vloer en dan weer rechtop komen te staan. Dat heb ik mezelf aangeleerd.” It klinkt my as klearebare akrobatyk yn ‘e earen! Snapst wol datst aardich linich wêze moatst om soks te dwaan! Mar omdat it mei de dûnsgroep fan Fleur sa goed gong stelde de juf foar om nei de Iepen Europeeske Kampioenskippen yn Dútslân te gean. Dy kampioenskippen wiene yn Bottrop, net sa fier oer de Dútske grins. Dat like èn de bern èn de âlders in moai idee, dat op sneon 31 maaie gong it oan. Fleur en har mem Anne Frouk moasten om 6 oere moarns yn Akkrum wêze om mei de dûnsgroep-bus nei Bottrop te reizgjen. “Krekt in skoallereiske,” fûn Anne Frouk. Heit René en grutte sus Ilse gongen mei de auto nei Bottrop en it jongste suske Fem en de hûn gongen dy deis nei opa en oma. It leuke wie fansels dat de kampioenskippen holden waarden yn in pretpark, Moviepark Bottrop, – dus koest dy ek noch efkes útlibje yn it pretpark! Mar net allinne de dûnserkes hiene it dy deis drok, ek de âlders moasten achter de skermen helpe om alles yn goeie banen te lieden. “Mijn haar moest heel strak naar achteren gekamd worden, met allemaal lak en gel 36 | Mandeguod juli/augustus 2025 werd het in een strakke bun gekamd,” wit Fleur noch. Alle famkes yn har groep (nee, der sitte gjin jonges yn har groep, al is der wol ien jonge dy’t yn in âldere groep dûnset) ha in prachtige jurk oan – foar it romantyske effekt fansels. Der moasten ek noch ris glinsterjende strass-stientsjes op dy jurk plakt wurde. Dy stientsjes binne der doe allegear fóár it EK noch op set. “Ik draag op het podium ook een panty, en daaroverheen ‘teentjes’, een soort slofjes. Dat is ter bescherming van je voeten voor het geval er wat scherps op het podium zou liggen.” Anne Frouk foeget dêr oan ta dat der yn Bottrop een ‘airtrack-matte’ op it poadium leit. Dêr sit lucht yn en it dûnset lekker sêft. “Ja, soms doen mijn voeten pijn,” seit Fleur, “maar door zo’n mat heb ik op het podium nergens last van.” De wike fan de Kampioenskippen hie de dûnsgroep noch ekstra traind: de tiisdeis, de tongersdeis en de freeds. Fleur’s dûnsgroep bestiet út noch frij jonge famkes, fan 7 oant en mei ûngefear 11 jier. Fleur wit net presys hoe âld se allegear binne. Sels is se 10 jier. Mar wa sketst dan ek harren bliidskip en ek wol in bytsje harren ferbazing dat se de twàdde priis wûnen – se wiene better as de dûnsgroep dy’t de trèdde priis wûn! Want de famkes fan de dûnsgroep dy’t de tredde priis wûn wiene allegear in pear jier âlder as de groep fan Fleur. Mar sa sjogge je mar wer: it is net de leeftiid dy’t der ta docht, mar it entûsjasme fan de groep dat de sjuery beleannet.
37 Online Touch Home