Op 18 oktober 2025 tiid foar feest! Us klub k.f. WWC 55 jier! De jubileumkommisje is drok dwaande om in moai en ôfwikseljend programma gear te stallen foar jong en âld mei û.o. in wiere iepeningsact, in spultsjemiddei foar de bern, in Pjuktoernoai en in feestjûn mei ferrassende ûnderdielen. Foar in yn te rjochtsjen histoarysk oersicht freget de kommisje jimme geskikt materiaal sa as kuorbalklean (sawol âld as nij), faantsjes en oare oantinkens, ballen, proppers en foto’s en kranteknipsels beskikber te stellen. Sjoch ris goed yn de kasten as jim noch wat lizzen ha en nim derfoar dan kontakt op mei Coba de Vries, jacobadevries62@gmail. com, til 06-23206477. Jou oan safolle mooglik leden, âld leden en spilers, (âld-)treners, sponsoren en oaren dy’t harren belutsen fiele by ús fúzjeferiening de datum fan 18 oktober troch. We meitsje der meielkoar in feest fan ferbining en werkenning fan. Hâld de socials yn ‘e gaten en lit it oare minsken witte! JOU IT TROCH, JOU JIM OP en WES DER BY!! It programma en it oanmeldformulier is te finen op www.kv-wwc.nl/jubileumfeest-55-jaar Mei jimme efterlitten gegevens kinne we jim dan middels nijsbrieven en oproppen op ‘e hichte hâlde. Mei freonlike groetnis, De jubileumkommisje WWC 55jier mf a Mandeguod juli/augustus 2025 | 39
40 Online Touch Home