3

Lêsten krige ik fan guon dy’t nei de Seerp van Galemawei ferhúzje sille de fraach oft dat in drokke strjitte is. Och ja, wat moast ik der fan sizze: moarns om in oere as acht is it drok omdat elk nei it wurk of nei skoalle giet en middeis om in oere as fiif, seis komt elk wer thús. Dêr tusken yn wikselet it. Faak as it hyt waar is sit ik lekker op ús stoepe te krantlêzen omdat ús stoepe op de noardkant is, en it dêr simmerdeis dus faak lekker koel is. Mar soms ha ik dêr al in heal oere sitten, en dan falt it my op: der is yn dy tiid gjin kyp foarbykommen. Mar it kin ek oars fansels, want it is in trochgeande dyk en dat betsjut in soad grut ferkear. Soks kinst dêr ferwachtsje, logysk. Ek al steur ik my bytiden wol oan dy ûnbidich grutte trekkers mei noch grutter lânbouark der achter oan dy’t harren net oan snelheidslimyt of oar ferkear steure. Sy binne ommers de baas op ‘e dyk, lykje sommigen te sizzen… Dat ek fytsers, bern en kuierders rjocht ha op in fatsoenlik part fan de dyk liket sommigen net te dearen… Mar foaruit, doe’t wy yn 1974 oan de Seerp van Galemawei kamen te wenjen, hiest de gersdrûgerij noch op Tsjeintgum. Dy trekkers skeurden dan mei twa grutte weinen der achteroan mei in needgong troch de buorren. Dan stiene de kopkes bytiden ek op ‘e tafel te rinkeljen. No is de gersdrûgerij al lang ferline tiid en dy weinen ek. Tiden hawwe tiden. Och, der binne fansels ek leuke dingen dy’t foarby komme. Ferline jier op 5 maaie kaam in hiele optocht fan âlde legerweinen út de twadde wrâldoarloch foarby. Dan steane net allinnich de bewenners fan de Seerp van Galemawei mei glinsterjende eachjes lâns de rûte. Mar in pear wiken lyn waard ik wekker fan in dreunend geronk: de Trekker Alvestêdetocht wie moarns foar achten al úteinset. It wie suterich waar, en it bestjoerdersfolk siet wat sneu yn de reinklean weidûkt achter harren trekkerstjoer. Sommigen hiene it gelok dat se in ‘moderne’ trekker hiene, mei in oerkaping. Dy sieten teminsten drûch. Net al ús buorlju koenen de stjonkende disellucht fan dy trekkers lykwols wurdearje. Ek skynt Mantgum in goed dekor te wêzen foar oldtimers, want in wike earder kaam om kertier oer achten in rigele antike auto’s foarby. We hienen krekt in stel lange-ôfstâns-fytsers by ús te oernachtsjen, dat we sieten fan de breakfast table ôf al dat moais te bewûnderjen. Ik ha hielendal gjin ferstân fan antike auto’s, mar it ferskaat is fantastysk: sommigen ha de reiden kofferkes noch achterop, oaren ride yn in allemachtich patserige Amearikaan, der ride T-Fords tusken, frachtauto’s út it jier nul mei hearlik âlderwetske reklame der op, en gean sa mar troch. Soks fyn ik dochs hiel aardich. En nee, dan fyn ik de Seerp van Galemawei net ècht drok. Lys Scarse Mandeguod juli/augustus 2026 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication