37

Nijs fan Stichting Freed / Nieuws van Stichting Freed!! It hat lang stil west om Stichting Freed hinne. Mar sûnt ferline jier binne der nije ûntwikkelingen! Der binne trije nije bestjoersleden dy’t de Stichting wer nij libben ynblaze wolle. It grutste doel is dat de Freedkelder wer mear brûkt wurde sil. En wat treffe we it dan dat it bestjoer fan De Wjukken aksje ûndernommen hat, subsydzjes oanfrege hat en sa mei help fan in ploech jongerein én âlderen begûn wurde koe mei it opknappen fan de kelder!! De romte yn de kelder is al hiel wat grutter wurden troch it slopen fan kasten. Der is no in hiele moaie kast foar de yngong fan de kelder ûnder de trep makke dêr’t spullen opburgen wurde kinne. Mar ek it elektra en it ôfsûchsysteem is hielendal op ‘e nij oanlein. Der binne plannen om de kelder yn de takomst faker iepen te setten, sadat de jeugd yn it wykein inoar dêr treffe kin. Hoe’t dat allegear krekt komme sil is noch net hielendal dúdlik. Dêr hoopje we jimme letter dit jier mear oer fertelle te kinnen. Wol bringe we jimme no graach op de hichte fan in aksje, dy’t koppele is oan de subsydzje dy’t krigen is. Dy aksje sil plakfine op sneon 30 septimber yn it wetter fan de Mantgumerfeart. Mandeguod September 2023 | 37 Dan sille dêr tûzenen badeinen loslitten wurde en sa stride om as earste oer de finish te kommen. It doel is dat jimme middels lotten ien of mear einen keapje en sa kâns meitsje op in prachtige priis. Dy giele atleten hawwe allegearre in unyk startnûmer dat koppele is oan de lotnûmers. De lotten sille yn de wike foar de 30ste septimber hûs oan hûs foar € 1,50 it stik yn Mantgum ferkocht wurde. Dus set sneon 30 septimber op de kalinder en wolle jo de Freedkelder stypje, dan goed yn de gaten hâlde oft se al by jo west ha mei de eintsjes! We woene dy jûns sân oere (19.00 oere) begjinne, by de Wjukken. Nei de race priisútrikking yn de Wjukken. Ut namme fan Stichting Freed, Esther Langes, Ytsje Frankena en Korrie Dijkstra

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication