55

Witte jim dat… → … de teken en schilderworkshops op 13 septimber 2023 yn de Wjukken útein sette? Dizze lessen binne op woansdeitejûns. Ek alle ynformaasje hjir oer stiet yn de Mandeguod fan july/augustus. Fierdere ynformaasje is te finen op de webside www.generatiehuis.nl. → … de cursus fotografie op tongersdeitemiddei 14 septimber 2023 yn de Wjukken fan start giet? Alle ynformaasje hjir oer stiet yn de Mandeguod fan july/augustus 2023. Neiere ynformaasje is ek te finen op www.generatiehuis.nl. → … in protte Mantgumers dizze simmer nei it bûtenlân reizge binne foar fakânsje, mar dat der ek bûtenlanners nei Mantgum kamen foar wat ferdivedaasje? Robert van den Bergh kykte in boat fan de ‘Ruderverein Leer’ – de roeiferiening út it Dútske Leer. Hja kamen krekt de hoeke om roeien by it Hoxwierster brechje. Neffens de tekst op de boat bestiet de ‘Ruderverein Leer’ al sûnt 1903! Mandeguod September 2023 | 55

56 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication