Hûnebelesting Ik siet noflik de Volkskrante te lêzen, doe’t de skille gong. Op ’e stoepe stie in alderaardichste man, mei in rekkenmasine en in identiteitsbewiis om ’e nekke te hingjen: T.P. Swart, en hy woe witte oft wy ek in hûn hiene: de gemeente Ljouwert moat syn finânsjes wer wat op regel hawwe en hat dus de hûnebelesting opnij ynfierd en dêr kaam hy foar, hy wie foar de registraasje. Nee, ús hûn hat in spuitsje krigen yn 2015, hy wie doe sechtjin jier âld, hy kreupele troch de bleek, foel wolris om en wy hawwe him doe fierder lijen besparre, feearts Wiersma hat him út syn lijen ferlost en wy hawwe him de jûns kreas kremeare litten yn Fryskepeallen, de plestik bus mei syn jiske stiet noch op in planke yn it hok, wy binne der oant no ta net oan ta kommen en sykje in gaadlik plakje om him te ferstruien. Ja, dit kaam allegearre by my boppe, wylst de hear Swart mei syn rekkenmasine (of wie it gewoan in spesjale hûnebelestingapp op syn tillefoan? Dat kin ek fansels.) by my op ’e stoepe stie. Nee, hy hoegde der net yn foar de kontrôle, ja, ik hie ús kefferke, as dat der west hie, ek ferstopje kinnen yn ’e waskmasine, dy is aardich lûdticht, mar dat hoegde dus net. It die bliken, Swart wenne nei de weryndieling no ek yn ’e gemeente Ljouwert en moast foar syn twa hûnen no dus ek belesting betelje. Foar elke hûn € 87 yn’t jier; wa’t dus yn’e skuorre in tal jachthûnen hat, stipet dêrmei yn elts gefal de gemeente Ljouwert. Swart wie sa’t ik al sei in alderaardichste man, wy filosofearren efkes oer hokker mooglikheden de gemeente Ljouwert noch mear hawwe koe om de gemeentlike jildkiste wer wat foller te krijen (kattebelesting, der wurdt oan wurke, 6 | Mandeguod september 2024 skoarstienbelesting lykas eartiids, belesting op hagen, belesting op krekt ferve huzen, der is hiel wat mooglik!). En wat moat hjirmei betelle wurde? It opnij iepengraven fan ’e Iewâl? In beweegbere Prins Hindrikbrêge? In heger salaris foar Buma? Wy kamen by eintsjebeslút út op de kommende finansjele ramp dy’t de gemeente Ljouwert te wachtsjen stiet, de tekoarten op it nije Cambuerstadion. It docht dus bliken dat de gemeente dêr no al in potsje foar oanleit. Fia in hûnebelesting dus. Yn oare gemeenten hawwe se dy al lang ôfskaft, mar Ljouwert hat him wer ynfierd. Se ferwite de gemeente Ljouwert wolris dat se gjin foarútsjende blik hat. Ik wit no wol better. Hûnebelesting, wa soe dat betocht hawwe? Liuwe van der Meer PS In tal skerpe lêzers fan myn stikjes wiisden my der op, dat de gemeente
7 Online Touch Home