Yn it septimbernûmer fan foarich jier skreau ik oer ús fakânsje yn Frankryk en de Frânsen. En dat we dit jier miskien mar better yn it bêste lân fan ierde op fakânsje koenen. It is in wike Dútslân wurden en noch in pear dagen by Arnhem op in, yn prinsipe, prachtige kemping by de Isel. Ik sis ‘yn prinsipe’ want de kemping, it waar en de omjouwing wiene prachtich, mar der wiene in pear ‘bysûndere’ minsken op de kemping. Doe’t we oankamen by ús akkomodaasje sieten 4 bierbuken mei tattoes skeef tsjinoer ús op in kempingstoel foar harren út te sjen. Neist harren âlde, mar grutte karavan stie in dikke mercedes. Ik hie al gau troch dat de karavans der neist en tsjinoer harren der ek by hearden. It wie ien grutte famylje dy’t dêr in seizoensplak hie. It wie in drokte mei bern, pakes en beppes en âlders. De bern skeurden omraak mei elektryske stepkes oer it terrein en as ien fan de âlderen nei it húske moast dan waard dat dien op de skooter. In blokje rinne hie foar sommigen net ferkeard west. Op himsels is der niks mis mei minsken dy’t der in wat oare libbensstyl op nei hâlde as ús. Kin júst ek wol hiel gesellich wêze. Mar dy gesellichheid krige ein fan de middei noch in tafoeging, nammentlik Hollandse Meezingers. Wy koene it 5 karavans fierderop heare. Ach naja, heart der by. Yntusken siet de hiele famylje by elkoar yn de partytent, froulju yn panterpakjes en fol yn de make-up en gie de barbecue oan. Ik wie der ek achterkaam dat der in Ricardo, Jamie-Lee en Priscilla (útsprutsen as Prissilaaaaaa) wienen. Mar doe waard it jûn en stie de muzyk noch steeds oan. En it folume gie noch in standje lûder. Lang ferhaal koart: de twadde dei gie it folume jûns wèr sa lûd. We koene it op bêd meisjonge. Lokkichernôch sliepten de bern der dwars trochhinne, mar ik ergere my dea. Uteinlik binne we mar in dei earder nei hûs gien, want we hiene der wol wat fan sizze kinnen, mar de folgjende dei stie it folume wer sa heech. Al mei al, ha we in prima fakânsje hân en hie ik ynspiraasje foar in foarwurd yn Mandeguod. Op nei in moaie neisimmer! Maaike Kuipers Mandeguod heeft een nieuw mailadres. mandeguod@mantgum.com Mandeguod september 2025 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home