Ik kom ta de konklúzje dat der net folle “Keunst” hinget by ús. Troch it hûs hinne hingje yn listen noch in tal wiisheden fan “De jonge, de mol, de foks en it hynder” (ja dy is ek yn it Frysk te krijen). Ik hâld fan taal en dit boek fol wiisheden. Dy spreuken alle dagen even sjen yn it foarbygean, lit my witte wat wichtich is. As lêste noch myn lytse hobby. Ik kin net goed tekenje, mar fyn it wol leuk om dingen te meitsjen. Dotpainting, lytse stipkes op sekuere wize yn moaie mandala patroanen delsette, fyn ik tige rêstjouwend. Leuk is ek dat je yn it foar net witte wat je krekt meitsje sille en it ferget konsintraasje. Lekker kleurryk ek wer. Dus in pear dêrfan hingje oan it sket bûten en steane binnen tsjin de muorre. Doete Stenekes Hjirby jou ik it stokje troch oan Sjoukje de Jong. Mandeguod september 2025 | 45
46 Online Touch Home