49

Mantgumer topper op FK fierljeppen De fierljepferiening fan Winsum en omkriten bestiet al in skoft. De ôfrûne 15 jier hat de feriening in enoarme groei trochmakke. Op dit stuit hat de feriening mear as 50 leden. Ljeppers komme út de hiele regio rûnom Winsum. Fan Sint-Anne oant Reduzum en fan Arum oant Ljouwert. Winterdeis wurdt der traind yn de sporthal yn Winsum en docht elk yndividueel in soad oan krêfttraining. Fan april o/m septimber binne de bûtentrainingen. De measte ljeppers traine dan 2 kear yn de wike op de skânsen yn Winsum. Yn it seizoen springe de ljeppers sa’n 25 wedstriden. Foar de measte ljeppers is it Frysk kampioenskip de wichtichste titel om te winnen. Dit is foar in fierljepper fergelykber as foar in keatser dy’t de PC wint. Yn eltse katagory meie de bêste 8 ljeppers fan Fryslân oan dit FK meidwaan. En dat is gjin maklike opjefte. By de senioaren moatte je dan ôfstannen fan 20 meter springe kinne en by de froulju mear as 15 meter. De ljeppers fan de fierljepferiening yn Winsum hawwe de ôfrûne jierren in soad suksessen behelle. Ferline jier slagge it om de Fryske titels te winnen by de jonges en famkes. En dit jier ha we as Mantgum in primeur. Foar it earst yn de skiednis is der in Mantgumer dielnimmer yn de jongeskategory: Ate Kaastra. Ate is 15 jier en beoefenet it fierljeppen al sa’n 5 jier. Neffens de fierljepkenners is hy talintfol. Hy hat in moaie klimtechnyk en is tige leargjirrich. Dat hat der foar soarge dat er him de ôfrûne jierren hartstikke goed ûntwikkele hat. Dit jier springt er foar it earst yn de topklasse by de jonges. Hy wist yn juny syn persoanlik rekord te ferbetterjen nei 16.35 meter. It nivo by de jonges is op dit stuit heech. Der binne ljeppers yn dizze kategory dy’t al boppe de 19 meter ljept hawwe. Ate is in outsider en hat grif kânsen foar in poadiumplak. Op sneon 16 augustus fûn it FK fierljeppen foar de 59e kear plak yn Winsum. It begûn om 13:00 oere middeis. Nei de huldigingen om in oere as 5 gong it feest Ljeprock fan start. Dit jier mei ûnder oare muzyk fan Piter Wilkens en coverband de Faam. Jolle Jelle de Vries N.B. Foar in publyk fan 1600 minsken sprong Ate Kaastra in ôfstân fan 13.40 meter en waard mei dy sprong 7e yn syn kategory. Mandeguod september 2025 | 49

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication