Foar de 75ste kear ús LYTSE PC – sneon 13 septimber In jubileum dêr’t we grutsk op binne! Ja wier!! Yn Mantgum hâlde we dit jier foar de 75e kear ús Lytse PC. De Lytse PC wurdt al sûnt 1947 organisearre. As we tinke oan de PC dan tinke we al gau oan de PC yn Frjentsjer. Yn 1947 sil in entûsjaste groep keatsleafhawwers tocht hawwe dat der ek foar de (doe noch) twaddeklasse in “PC” op de keatskalinder stean moast? Al jierren is de Lytse PC de lêste keatswedstriid fan it seizoen foar de earsteklasse keatsers. De partij hat de hichtepunten fan it keatsen meimakke mei mear as 60 partoer op de list, mar ek mindere tiden hân. Nettsjinsteande dat hat de keatspartij de tiid trochstien, en meie we no mei tank oan al ús foargongers de 75e edysje organisearje. Der sil dit jier keatst wurde om in prachtige haadpriis en de ferneamde Lytse PC bokaal! Wy ferwachtsje dan ek in soad partoeren. Nij jong talint, gelegenheidspartoeren fan âld keatsers en grif ek guon pleatslike toppers. Njonken de earste klasse partij (Lytse PC) sille wy dit jier ek foar ús leden in keatsaktiviteit organisearje. Foar keatsers en taskôgers sil it dan ek in moaie dei wurde. Wy nûgje alle (keats) leafhawwers dan ek fan herte út op it Mantgumer sportfjild. Jo binne fan herte wolkom! Bestjoer Jacob Klaver / Wurkgroep Lytse PC Mandeguod september 2025 | 55
56 Online Touch Home