noch genôch te dwaan: de tún wol se wer opkreazje, en se is faak spul oan it opknappen. Alles wurdt wer op ‘e nij brûkt as it oan Adelma leit. As dêr teminste tiid foar oer bliuwt want se wurket ek noch 3 sdagen yn ‘e wike as doktersassistinte en leefstylecoach by it Obesitas Centrum yn Ljouwert. Jierren lyn hie Adelma in winkeltsje oan hûs yn twaddehâns klean. It recyceljen sit har wol wat yn it bloed. It wenjen yn in bedriuwsromte befalt har beide tige goed. Se ha de noed oer sa’n 200 kij, mar se hoege nachts der net út foar keallerij, want dat bart allegear op de 3e pleats fan Middelweerd, yn Dronryp. No is it wol sa: as ien fan de meiwurkers ûnferwachts help nedich hat, springt Jehannes wol gauris by. De nachten binne ek koart: 10 oere jûns noch even by it fee lâns, mar healwei fjouweren geane de earste ljochten op de pleats al wer oan. Oan de oare kant: je kinne ta op sekere hichte je eigen tiid ynfulle. Ek al bliuwt der foar Jehannes net folle tiid oer omdat hy ek noch in pear dagen yn ‘e wike les jout oan it Nordwin College. Adelma hat dit jier ek potten fol prommesjem makke – it wie allegear fruit om hûs en hiem. Genôch ferdivedaasje dus! Wat Adelma wol mist is: buorlju. It praatsje oer de hage by wize fan sprekken. En de gesellichheid en de reuring fan de bern. Lokkich komme dochter Bregt en de beide jonges ien kear yn ‘e wike mei syn trijen op De Him te iten. Kinne se wer efkes byprate. De skildersezel hat Adelma noch net 46 | Mandeguod Oktober 2023 oanrekke. Earst moatte der noch gerdinen en allegear oare saken klear makke wurde. Jehannes hat ek saken opsizze moatten: hy wie in entûsjast toanielspiler, mar dat hat er oan kant skood. Jûns noch op it poadium stean kombinearret net mei om 10 oere op bêd moatte… Se binne it der lykwols beide oer iens: it libben op dizze pleats jout beheiningen, mar it jout ek in hiele protte frijheid. Jehannes wol nammentlik noch ris in wike as fjouwer nei Nepal – in lân dat er al in pear kear earder oandien hat. Yn 1991 hat hy in jierlang op wrâldreis west, en doe hat er Nepal ek al trochreizge. Soks kin dus ek: in moanne der tusken út, op de pleats rint alles wol troch, alle meiwurkers witte har taak. Yn it foarste stik fan de skuorre is Adelma’s ‘wurkpleats’: in romte om har hobby’s út te fieren. Der hinget wol in grut seil boppe har wurkplak: der libje nammentlik in stikmannich ûlen en sweltsjes yn de grutte skuorre, en ja, dan falt der wol ris in poepke nei ûnderen. Om foar te kommen datst dy allegear op ‘e kop krigest is it plan om op dat part fan de skuorre noch in soldering te timmerjen. Winterdeis miskien ek wat smûker. Mar hoe dan ek: se hawwe de romte om de earste jierren op dy pleats dy dingen te dwaan dy’t se graach dogge: buorkje, fervje, timmerje en yn de tún wurkje. Lys Scarse
47 Online Touch Home