3

Aktueel? No nee, foar aktuele saken is de Mandeguod net it earste medium dêr’st oan tinke moatst. We ha in deadline: alles moat op syn letst de 14 fan elke moanne oanlevere wêze (midnight) sadat de Mandeguod-frijwilligers de tiid ha om uterlik de earste fan de moanne dêropfolgjend de Mandeguod by elk yn de brievebus te krijen. Mar… we kinne ek wol flotter wurkje as dy 14 dagen. Sjoch mar nei de cover fan dizze Mandeguod: in moaie merkefoto! En de merke is kwalik in wike lyn op it momint dat jim de Mandeguod út de brievebus fiskje! Ja, in moaie foto kinne we gau pleatse – foar in eventueel ferslach fan de merke moatst wat langer geduld ha. Hoe dan ek: alle moannen is it wer in ‘útdaging’ om der wer wat moais fan te meitsjen. Soms gean we der as redaksje sels op út, soms ha oare Mantgumers moaie ferhalen dy’t har yn Mantgum ôfspylje – altyd moai! En dat de Mantgumers oeral net itselde oer tinke is allang bekend, ‘de’ Mantgumer bestiet net. En dat is mar goed ek, elkenien mei oeral oars oer tinke. Hast graach in tún dêr’t alle gerskes de selde kant op stean en dêr’t koweblomkes dyn gers net ‘ûntsiere’, of kiest foar in tún dy’t mear op in jungle liket? Gun elk syn eigen paradyske. Twa huzen fan ús ôf ha ús beide buormannen in prachtige foartún fol mei struken en grutte blommen. Ik bliuw faak even stean om te rûken oan de blommen dy’t der op dat stuit wer yn groeie. En as it reint hingje dy blommen troch de wiete drippen bytiden oer it trottoir. No, en… Dan stapst even opside ast net wiet wurde wolst. Sels rin ik bytiden ek mear op de dyk as op it trottoir. By ús foar hûs (de Seerp van Galemawei nûmer 11) is it trottoir mar 2 tegels breed. Troch de beamwoartels leit it der faak ek noch tige bryk yn sadatst mei wiet waar dêr better net op rinne kinst. Mar moatte je dêr no in probleem fan meitsje? De dyk is ommers fan ús meiinoar. Net allinne fan (soms hurd jeiende) auto’s – de dyk is likegoed fan my! We moatte it meiïnoar wat roaie! “We benne op de wereld om mekaar te hellepen, nietwaar!” - in ferske út de ‘oertiid’ dat noch altyd de muoite wurdich is om yn praktyk te bringen! Lys Scarse. Mandeguod oktober 2024 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication