44

spul gelyk. It bin kanonnen oan de opslach. Fan Marten en Corné. It wurdt 2-3 foar it partoer fan Marten Bergsma. Op 2-3 4-6 en in lytse keats wurdt de bal troch Laas Pieter van Straten hiel beroerd útslein mar Gjalt kin der krekt net lekker by om de bal foar de lytse keats te kearen. It gatsje is slein, it wurdt 2-4 yn earsten yn it foardiel fan it partoer fan Marten Bergsma. It partoer fan Corné docht wol wat werom. Mei in moaie boppeslach wurdt it 3-4. Twa keatsen net foarby yn it folgjende earst en it stiet 6-2 yn it foardiel fan Corné en dy. It wurdt 4-4 yn earsten. It partoer fan Corné hat it momentum en stiet sa wer 6-0 foar yn it earst. Op in lytse keats slacht Corné in prachtige sitbal. It wurdt 5-4. Se ha foar it earst yn de partij de lieding! Dy foarsprong, dat sint it partoer fan Marten Bergsma sichtber net. It makket wat by harren los. Se komme werom oant in 5-5 yn earsten, dernei pakke se gelyk in skjinne 6 foarsprong troch fouten fan ’e tsjinstanner. De druk stiet der dan fol op by opslagger Corné, se komme noch knap oant in 4-6 yn it earst mar komme de seis niks yn it earst net te boppe. De partij wurdt dien makke mei in boppeslach. It partoer fan Marten Bergsma ek nei de finale. De Finale: Sa as wol faker nei in spannende heale finale moat it keatsen dêrnei yn de finale earst wat op gong komme. It liket derop oft de enerzjy nei de heale finales fuort is. It fjoer is der wat út. 44 | Mandeguod oktober 2024 It partoer fan Marten Bergsma is de favoryt en komt al gau op in 2-1 foarsprong. Dan in belangryk momint, it wurdt 2-1 en 6-6 gelyk. Thom Stellingwerf slacht op. Der wurdt in keats slein oant de middenline. De partoeren wikselje. Marten Bergsma mei de keats ferdigenje. Hij slacht op, de bal komt yn it perk, kin útslein wurde mar wurdt min rekke en komt op ‘e bealich, keats net foarby. Dermei pakt it partoer fan Marten Bergsma it earst en wurdt it 3-1. Fourtendaliks dêrnei yn it folgjende earst slacht Marten Bergsma in bal bûten, de twadde opslachbal wurdt boppe slein. 4-0 achter yn’t earst. En Thom en dy komme dernei mei goed keatsen ek gelyk wer werom oant 3-2 yn earsten. Toch ha je it idee dat wannear’t it partoer fan Marten Bergsma de fokus en skerpte behâldt, dat partoer de partij net ferlieze kin. Dat sil ek bliken dwaan. It wurdt noch 5-4. mar yn it lêste earst jouwe de tsjinstanners op. Mei in skjinne 6 yn it lêste earst wurdt de partij wûn troch Marten Bergsma, Hessel Postma en Laas Pieter van Straten. In terjochte en weardige winner fan dizze 74e edysje fan de Lytse PC. Al mei al in tige slagge dei foar keatsers en besikers! Mei tank oan alle frijwilligers, oanwêzige leden en sponsoaren dy’t meiholpen hawwe yn ‘e organisaasje fan dit evenemint. Op nei 75 jier Lytse PC. !!

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication