27

november 2021 27 Plan Boppeslach: “Hollen en stilstaan...” En no wer drave! Sa’t jim allegear lêzen ha yn it briefke dat hûs oan hûs gien is, giet Plan Boppeslach troch. Wat west hat, hat west en no sille we dwaan wat wy as Mantgumers graach wolle: foarút! Hoe giet dat no de kommende tiid? De gesprekken mei leveransiers en mei SNN (ferstrekker fan it grutte subsydzjebedrach) binne de ôfrûne wiken wer oppakt en de earste oerlizzen mei wurkgroepen ha wer plakfûn. Yn de earste planning wienen der no al wurksumheden op it baggerdepot dien en wie de beweechtún yn bestelling. Op it stuit binne we oan it sjen wat wannear noch mooglik is. Hooplik kinne wy jim yn de Mandeguod fan desimber mear oer de planning fertelle. Frijwilligers / wurkgroepen Plan Boppeslach is in echt mienskipsplan. In soad wurksumheden kinne wy as Mantgumers sels dwaan. Derneist smyt elk frijwilligersoere sinten op. Der stean al mear as 120 frijwilligers op papier foar hiel útienrinnende saken. De wurkgroepen kommunikaasje, doarpenaksjes en frijwilligerswerving wienen al opstart. We sille de kommende tiid, at de planning helder is, de oare groepen ek opstarte. Jim hearre deroer fan ús. Wa’t him of har noch net oanmeld hat as frijwilliger, mar dit wol graach wol: lûk efkes ien fan it projektteam oan de mouwe of mail nei boppeslach@wjukken.nl. Mear ynformaasje At jo it plan noch ris goed besjen wolle; it projektplan fan Plan Boppeslach stiet op de side fan Mantgum.com. Derneist hawwe wy ek in eigen Facebookside wer’t we saken op melde. Fansels sille wy jim ek fia de Mandeguod op de hichte hâlde. Mar as der prangende fragen of opmerkingen binne, mail ús of nim efkes kontakt op mei immen fan it projektteam. Wy binne bliid dat we mei syn allen wer oan ’e gong kinne! Oant gau. It projektteam: Karin van Beest Jant van Dijk Korrie Dijkstra Jelmer Jonker Baukje Stienstra

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication