54

54 Mandeguod Graves of Stirling EF347 crew at Skillaerd achter it eardere gemeentehûs fan Ljouwerteradiel (oan de Skrâns) stiet noch in luchtbeskermingsgebouke, mei in djippe kelder en muorren fan 80 sm dikte. Wurdt tsjintwurdich brûkt as kantoarke foar in ynstelling fan Jeugdzorg. En – mar dat is noch in oerbliuwsel fan de ‘Koude Oorlog’ nei dy tiid – wistesto dat der yn it eardere parkearplak ûnder it Wilhelminaplein/it Saailân oan de kant fan it âlde gerjochtsgebou in atoomskûlkelder sitten hat? Moast 5000 minsken herbergje kinne, mar dy is nea yn gebrûk nommen omdat de gemeente nea út de rie komme koe oer de fraach hokker meubilêr der yn stean moast… Mei de Ljouwerter Merke waard der lykwols wòl gebrûk fan makke: it reuzerêd moast altyd presys boppe op dy atoomskûlkelder stean, omdat dat in stevige fundearring foarme foar it gewicht fan dat enoarme reuzerêd. Dat der noch genôch te ûndersykjen is, is ek wol dúdlik. Yn de hiele Twadde Wrâldoarloch binne sa’n 600 fleantugen delkommen yn Fryslân en de omlizzende wetters, dus de SMAMF kin noch efkes foarút. Mar de hiele jûn dat ik by Alexander en Henny siet mei myn pen en papierke foar dit ynterview, frege ik my ôf wat der yn de goedichheid ûnder harren glêzen salontafel lei. Wel, dat hie ik witte kind fansels: it wie de skansearre wjuk fan in propeller. Lys Scarse Bist nijsgjirrich nei alle ynformaasje en wolst de fyts- of kuierrûtes wol ris folgje? By it HCL en boekhannel Van der Velde kinst foar € 12,50 sa’n boekje keapje.

55 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication