61

november 2021 61 Myn earste leafde. De Frjentsjerter Feart moast útbaggere wurde. De baggerfloat kaam yn Ysbrechtum te lâne. In protte fan de minsken dy’t dêrby wurken, reizgen net alle jûnen nei hûs. Auto’s wiene der amper, dat soe fierste folle tiid kostje. De baggerminsken wennen yn wenarken, dy’t as in soarte fan float mei de baggermasjine fierder reizgen. De bern, dy’t der by hearden, moasten uteraard nei skoalle en dat betsjutte, dat se hyltyd wer ferhuzen nei in oare skoalle. Se hiene har eigen skriften en boekjes foar taal en rekkenjen. By ús yn Ysbrechtum kaam Ulke in wykmannich yn ‘e klasse. Ik ferlear fuort myn hert. Fansels wie hy al in seldsum persoan fanwege dat hieltyd wer ferhúzjen en syn eigen boekjes en skriften, mar myn ferealens jilde himsels: ik fûn him sa moai! Sa brún, sa stoer! Ik sil fuort mar tajaan, ik leau net dat Ulke ea myn kant út sjoen hat. It waard dus ek myn earste leafdesfertriet! Ary Meintema

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication