Dizze wike kaam it berjochtsje fan Femke dat se foarlopich út de Mandeguodredaksje stapt. Spitich, mar mei alle drokte dy’t in nije baan en in jong gesin bringt, begripe we har beslút wol. Mar we ha Femke tige wurdearre om bygelyks har ferhalen oer de Mantgumer muzikanten. We sille har ‘voelsprieten’ op muzikaal gebiet seker misse! Har beslút hat fansels ek ta gefolch dat we wat om ús hinne sjogge foar eventuele nije redaksjeleden. Want ek yn ús redaksje jildt: hoe meer zielen hoe meer vreugd. En it is fansels handich dat we minsken ha út ferskate fermiddens, jong of âld, sportyf of sa stiif as in doar, boekewjirm of grizelfilmfan, of wat dan ek. Want dan krigest wierskynlik út ferskate hoeken ynfo oer wat der yn it doarp libbet. Dus, ast der wat foar fielst om mei ús de redaksje te foarmjen, lit it mar heare! No is it wol sa, de Mandeguod bringt gjin ‘hot news’ – it is in doarpskrante foar en oer de Mantgumers, dy’t alle moannen fergees by dy yn de brievebus komt. Mar we besykje wòl om nijsgjirrich nijs ûnder de oandacht te bringen. En der bart yn Mantgum fan alles: lokkich faak in protte moaie saken. Sjoch bygelyks mar ris nei de aksje om fan it paad om it doarp hinne ek it lêste stikje ferhurde te krijen. Of de badeintsjes dy’t meihelpe moatte om de Freedkelder wer op oarder te krijen. Ek de kultuerkommisje stekt de kop wer op: op 17 novimber is der kabaret yn de Wjukken. En net te ferjitten: op 4 novimber is der in lytse ferzje fan Tusken Tsjerke en Kroech: altyd in ferrassing wat dêr te sjen en te hearen is. Dêrom: moai dat jim yn in doarp wenje dêr’t fan alles te belibjen is! Lys Scarse Mandeguod November 2023 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home