LYTSE TTeK-jûn yn Mantgum Omdat der dit jier gjin Tusken Tsjerke en Kroech-tocht west hat yn Mantgum, hat it bestjoer fan Frisia1874 besletten om dochs noch dit jier yn novimber in jûn te organisearjen om it fjoer fan TTeK wat brânende te hâlden: op twa lokaasjes wurde in fjouwertal lytsskalige optredens fersoarge mei dûnsjen, toaniel en muzyk. Dûnsers út Mantgum en Easterwierrum fan “Dûnsje yn Fryslân” fersoargje in optreden, Sanne de Heer spilet har solo “Sanne Sorry”, der is in hiel spesjale foarstelling, in soarte fan harkspul, mei ûnder oaren in geit, en der is Spaanske muzyk mei Leandro op akkordeon en sang fan Akkelien en sy soargje ek foar de muzyk nei ôfrin, by de gesellige neisit. Dizze lytse TTeKtocht (fan “tocht” kin winliken net sprutsen wurde) wurdt holden op sneon 4 novimber 2023 en begjint om 19.00 oere yn it doarpshûs De Wjukken yn Mantgum. De tagong is € 10, en de leden kinne foar heal jild de jûn bywenje. Kaarten kinne jim ek bestelle op frisia1874@gmail.com. It bestjoer fan Frisia1874 32 | Mandeguod November 2023
33 Online Touch Home