41

Einepikerace yn de Mantgumerfeart! Mei de einepykjesrace op sneon 30 septimber binne sa’n 2700 badeintsjes ferkocht. In geweldige opbringst, dank oan de bern dy’t by de doarren del west ha en oan alle minsken dy’t sa entûsjast oan de doar of fia de mail lotten kocht ha!! Woansdei 11 oktober hat de winner, Sietse Nauta fan Tsjerkebuorren, in minút fergees te winkeljen west by de Poiesz. Hy hat net foar himsels te boadskipjen west, mar foar de Voedselbank yn Snits. Dat wiene foaral hâldbere produkten dêr’t ferlet fan is. Omdat de minút samar foarby wie en Sietse net mear oan de blikgriente ta kaam, ha wy as bestjoer besluten om tweintich blikken griente te jaan foar it goede doel. En ek de Poiesz besleat in bydrage foar de Voedselbank te leverjen! De twadde priis, in weardebon fan Klaversma is wûn troch Suzanne Baart! De famylje Wiedijk mocht de tredde priis fan Bakkerij Sybesma ophelje. En ek de pakketten fan ‘Op de Him’, ‘Greidelân’, ‘It Kappershûs’ en ‘Nij Skjirrich’ binne goed teplak kommen. Dankewol foar alle ûndernimmers dy’t fuortendaliks oanjûn ha mei wurkje te wollen oan ús einepikerace! Yntusken giet it wurk yn de Freedkelder gewoan troch. It nije plafond sit der yn, mei de nije ferljochting en der hinget in telefyzje oan de muorre. Mei inoar fuotbalwedstriden of in film sjen of in game dwaan, it kin aanst allegear. We hoopje jimme ynkoarten útnûgje te kinnen foar de iepening! Ytsje, Klaas, Nynke en Korrie Mandeguod November 2023 | 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication