Doe bruts it grutte pas- en plakwurk oan. We ha de hiele hjerstfakânsje mei bisonkit en grutte elastiken (om it bouwurk yn model te hâlden) yn ‘e wear west. Mei syn trijen: ús mem, myn freondintsje Janneke en ik. Stadichoan kaam der foarm oan it bouwurk: it waard in grutte swarte pot mei in stevige boaiem oan de ûnderkant en in sierlike râne oan de boppekant. Earst seine we noch tsjin inoar: as der noch skerven misse fan dizze pot, dan brûke we wat fan dy oare skerven dy’t ek mei boppe wetter kommen wiene. No nee, dat slagge nea, want it wie allegear hânwurk en elke skerf hie in oare bolling, in oare dikte, in oare kleur – dat paste nea by inoar… vervaardigde gesmoorde (= zwarte) pot op standing; komt uit de …………..* Mooi groot exemplaar! Ca. 1100.” Aardich âld dus. En jawis, hy woe him graach mei ha foar it museum. Ja, tochten wy, hadjegedroomd, wy de hiele hjerstfakânsje skerven plakke en dan hy de pot yn in depot fan it museum stopje, dêr’st him nea wer sjochst… Dat we ha de pot moai holden. Hy stiet no al jierren by ús yn de keamer, yn in hege nis. Enfin, it waard in mânske pot. Krap 40 sintimeter heech. En ja, der misten stikken út, mar dat wie net oars. Doe’t de pot klear wie kaam de hear Elzinga fan it Frysk Museum lâns en hy wie ûnder de yndruk fan ús pot. Hy skreaun op in bryfke wat it wie: “In Friesland Doe’t ik him dizze wike op ‘e foto sette woe, murk ik lykwols wol dat de pot bros wurdt. De bisonkit is ek al sa’n 60 jier âld, mar foaruit. Tsjintwurdich hast bettere lymsoarten, mar och, de pot hoecht hast nea fan’t plak, dat hy sil it noch wol efkes langer úthâlde. En ast de pot ris mei eigen eagen besjen wolst, dan komst mar ris del. Hy sit net yn ien of oar ûntagonklik depot, mar hy stiet gewoan by ús yn de keamer. As oantinken oan de Skillaerder terp. Lys Scarse-de Jong. * Dit wurd koene wy net mear ûntsiferje. It liket op ‘tolpottenfamilie’ of ‘bolpotten familie’. Wa’t it wit mei it sizze! Mandeguod november 2024 | 49
50 Online Touch Home