25

Wachtsjend op sterk iis? De lêste tiid is der in hiele koloanje earrebarren (ooievaars) te finen by de iisbaan: de ljochtmêsten ha elk twa lampen oan wjerskanten. Ideaal foar twa fûgels op elk in lampe. Bytiden sit de hiele rigele ljochtmêsten sawat fol mei de readskonkige fûgels. In majestueus gesicht! Flakby is ek noch de mêst fan de brânwarkazerne: ek in ideaal plak foar dizze bisten. Alles meiinoar binne der wol ris 14 fûgels teld. En dan te betinken dat it meast eksoatyske bist yn dizze omkriten eartiids in ielreager (blauwe reiger yn geef Nederlânsk) wie… Johan van der Werf hat in stikmannich earrebarren op harren troan ferivige. Lys Scarse Collecte Nierstichting De collecte voor de Nierstichting heeft in 2025 € 851,63 opgeleverd. Iedereen van harte bedankt voor de bijdrage. Namens de Nierstichting, Esther Langedijk. Mandeguod oktober 2025 | 25

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication