EKSTRA FOARSTELLING De Wals (try-out) Fan Bennie Huisman en Tseard Nauta We krigen de fraach fan Bennie Huisman om in try-out fan syn nije foarstelling yn ’e Wjukken hâlde te kinnen. No, dêr wiene we fluch út, dat moat altyd wêze. Kinne jimme freed dêrfoar moai mei syn allen nei de film en dan dy sneon nei “De Wals”. In wykein fol kultuer. Wat wol in mins noch mear. Ja, in drankje yn it skoft. No, dat sit by de priis yn. “De Wals” folget it libben fan in sjonger dy’t weromsjocht op syn lange libben. In libben mei in stim, mei muzyk, mei taal, mei lieten en ferhalen. Wat is der oerbleaun fan syn dreamen, fan syn ferwachtings? Wat hat er eins bydroegen oan de lytse en de grutte wrâld om him hinne. Hie er net better wat ‘nuttigers’ dwaan kind as sjonge, dichtsje, muzyk meitsje en fertelle? Bennie Huisman (1947) is al mear as 40 jier sjonger, dichter, ferteller en muzikant. Hy sjongt en skriuwt yn meardere talen en hat gâns publisearre: gedichten, mei en sûnder muzyk, reisferhalen, biografyen en romans. Hy wie faak op ús Omrop te hearren. Tseard Nauta (1962), út Baard, en we kinne him fan “Dy Gojim”, slacht al syn hiele libben yn de muzyk om. Hy is troch de tiid hinne thúsrekke op in foech tweintichtal snaar-, toets- en blaasynstruminten. Mei leafde foar muzyk, mar ek foar taal en ferbylding hat er in poadium fûn yn it (muzyk-)teater. Cultuurcommissie Wjukken Datum: sneon 29 novimber 2025 Oanfang: 20.00 oere Priis: € 12,50, ynklusyf drankje yn it skoft Kaarten bestelle: Op ’e website Wjukken Mandeguod oktober 2025 | 29
30 Online Touch Home