It is wol mear as tritich jier lyn dat der by ús foar, lâns de Van Galemawei, op sneontemoarn faak in groep fytsende Amerikaanske toeristen foarby peddelen. Neffens de geruchten hienen se dan earst op in leech parkearterrein yn Ljouwert oefene foardat se los gongen. Mar koest se der sà út. Oan it praat – “Bjoeoeoetyfoel háúses!” – en oan de knalgiele fytstassen. Èn oan de fytshelmen... Be-là-che-lik!!! Wa hie no in hèlm op op de fyts. Wel, dy gekke Amerikanen dus. En ja, der binne noch altyd gekke Amerikanen, mar litte we it mar net oer Trump ha… Mar tsjintwurdich ha gelokkich ek in soad ‘gewoane’ minsken in helm op as se op de fyts sitte. Iksels ek. Moat, fan ús jongste dochter. Sy en har partner binne lange-ôfstânsfytsers (nei Gdansk, rûntsje Denemarken, nei Albanië en wer werom en soksoarte ritsjes) en sokken ha uteraard altyd in helm op en beskermjende wantsjes foar ast al knoffelest. Mar sy fernuverje harren ek noch geregeld as se ynhelle wurde troch e-bikers mei in gang fan hebikjoudaar sûnder helm of wat dan ek mar. Soest in helm op de fyts of op de fatbike fansels ferplicht stelle kinne, mar persoanlik tink ik dat it better is dat sokke fytsers sels ynsjogge dat it eins ferstandiger is om wòl in helm op ‘e holle te setten. Net dat dat helpt ast mei de fyts ûnderút giest en in heup brekst, mar dochs… Ineke ferwurde it ek moai: “Beter in platte helm dan een plat hoofd.” Soksoarte beskermingsmaatregels moatte ek ‘groeie’ fansels. Nimmen prakkeseart der ommers tsjintwurdich noch oer om nèt de gordels fêst te dwaan yn de auto. Ek op de iisbaan sjochst hoe langer hoe mear helmen – yn Thialf al ferplichte en ek de Ljouwerter iishal fiert dy maatregel yn. Gek? Nee, it is in kwestje fan wennen. En as elk mei in helm op fytst of rydt dan tinkst miskien op den duer ek: ‘Wêrom ik ek net?’ Lêsten tongersdei sloegen de takomstige bewenners fan it appartemintekompleks Galemahiem meiinoar de earste peal foar de nijbou. Allegear mei in helm op. Net dat dat sa’n gefaarlik putsje wie, mar it heart der by: yn de bou ha je in helm op. En soest dat kontrolearje wolle: der is in prachtich bankje delsetten krekt bûten de stekken fan it terrein fan it nij te bouwen Galemahiem. Sa kinst net allinnich sjen oft de bouwers wol in helm op ha, mar dan kinst ek sjen hoe’t der in prachtich nij stikje Mantgum boud wurdt. Lys Scarse Mandeguod oktober 2025 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home