Wat hinget der oan de muorre by Klaasje By my hinget der fan alles oan de muorre, mar as ik dan der sa by del gean dan giet it in soad oer de âlvestedetocht. Der hinget in grut tegeltablo fan de tocht fan 1963. Dat hat Haije syn heit krigen fan Schweigmann doe’t hy mei pensjoen gie. It taferiel is miende ik skildere yn de buert fan Wytmarsum. Neidat pake Klaas stoarn is, is it by ús terjochte kaam. Ek hingje der in soad âlvestedekrúskes by my oan de muorre. De measte krúskes binne fan myn skoanheit Klaas de Jong fan Jorwert. Mar der is ien bysûnderen by, dat is gjin krúske mar in rûntsje. Dat is omdat hy doe yn 1947 fan it iis ôfhelle is omdat it te gefaarlik waard. Dat rûntsje hinget oer it middelste krúske hinne. Yn 1954 hat hy it wol útriden, en yn 1963 wie hy sels sa ferstannich om op te hâlden. De ûnderste trije binne fan myn man Haije. Dy binne fan 1985, 1986 en 1997. Dêrnei hat it noch nea wer kinnen. Ek ha ik in âlvestedebrevet oan de muorre hingjen. Dat is ek fan Haije. It brevet krije jo as jo de tocht op redens, op ’e fyts en geande foet ôflein ha (dat geande foet fynt eltsenien altyd wol apart). Foar de útrikking moasten wy doe nei de pleats fan Ed Nijpels yn Diken. En dan is der ek noch in âlvestedeleppel. Dy hat Haije op syn jierdei krigen doe’t hy 32 | Mandeguod oktober 2025
33 Online Touch Home