53

De Mantgumer Maten sjonge troch De mannen fan de Mantgumer Maten witte fan gjin ophâlden – yn oktober binne se fol goeie moed wer útein set. Spitigernôch no sûnder diriginte – Gebbien is om privee redenen opholden. No hâldt Lys de sjongers by de les mei de akkordeon. Maar niet getreurd! De mannen hâlde fêst oan harren sjongjûn op moandei. Se misse ek net faak: allinnich mei in belangrike wedstriid fan Cambuur is Ids der net. En Joost oefenet alle dagen as er Jorwert om rint – hearst him altyd al neuriënd foarbygean. En Jan lit allinne mar ferstek gean as de kij dwers binne. Der wurde ek alle genres fan ferskes songen: de mannen sjonge yn alle talen – no ja… hàst alle talen… Us repertoire liicht der dan ek net om: golden oldies sa as ‘Bloody Mary’, ‘Het kleine café’ en ús Nederlânsktalige potpourri, mar ek ‘hippere’ songs sa as ‘Sloop John B’ en ‘Country Roads’ fan John Denver, wylst de moaie âlde en nije Fryske lietsjes uteraard ek net ûntbrekke. En fansels: se wolle har nocht oan sjongen graach diele mei oare mânlju. Dêrom nûgje se harren út om op moandeitejûn mei har mei te sjongen. Nee, hoechst nèt audysje te dwaan, it is gjin operakoar. Boppedat: it giet foaral om de wille, en uteraard de neisit nei it sjongen. It is suver eins in kwestje fan – as fariaasje op it âlde ‘Kun Mandeguod oktober 2025 | 53 je zingen, zing dan mee!’ – ‘Mannen die denken dat ze niet kunnen zingen, zing tòch mee!’ We sjonge tsjintwurdich fan 20.00 – 21.15 oere. Dêrnei wurde de wrâldproblemen en oare luchtige saken noch even bepraat oan de grutte tafel op ‘e Clincke. Soene der ek noch entûsjastelingen wêze dy’t in muzykynstrumint ha en meispylje wolle, dan binne dy ek fan herte wolkom. Want dy iene akkordeon kin wol wat stipe brûke. Bûnte, Wiger, Han, Pieter, Jan, Peter, Wim, Jaap, Joost, Sijmen, Ids, Jack, Gerrit en Lys.

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication