Ek Mantgumers kinne helpe mei fûgeltellingen: in protte fûgels wurde spitigernôch slachtoffer fan katten, of se fleane tsjin in rút. Fynst in deade fûgel? Sjoch dan altyd oft de fûgel in ring draacht. Fia www.griel.nl kinne fûgelringen dy’t yn Nederlân fûn wurde ynfierd wurde. Minsken mei in goeie kamera kinne mei in bytsje gelok soms sels de ring fan in fûgel yn de tún ôflêze! Tomke - Winterkoning Mar kinst ek gewoan kontakt opnimme mei Gerard Westerhuis. Alle fûgelfangsten yn Mantgum (en op in soad oare ringstasjons yn Nederlân) kinne folge wurde via Trektellen.org (www.trektellen.nl/count/view/4365/). Sjoch der mar ris op. Dan sjochst ek dat Gerard op 13 oktober syn 300ste fûgel hjir yn Mantgum fongen en ringe hat! Lys Scarse Mandeguod oktober 2025 | 59
60 Online Touch Home