14 Mandeguod Permakultuer Snein 24 oktober hat der yn de Wjukken yn Mantgum in filmmiddei plak fûn mei it tema Permakultuer. Yn stee fan de freedtejûn wie der no keazen foar in sneintemiddei. De film ‘My biggest little farm’ waard draaid, wer’t op in prachtige wize de syklussen fan de natoer en it idealisme rûnom it duorsum ferbouwen fan griente en fruit yn byld brocht wurde. Njonken de film hat Sjoerd van der Hem fan de Tuin van de Toekomst it ien en oar ferteld (en wat priuwe litten) oer de Permakultuertún yn Jorwert. Ek oer dizze tún is in film makke, fan sa’n 10 minuten, foar it projekt Nije Eagen yn 2020. Foarôfgeand oan de haadfilm hat dizze film te sjen west. It is dan ek gjin frjemde kombinaasje, dizze films neist elkoar. Yn 2020 kamen Klaas (koördinator fan dizze filmmiddei) en Pytsje (fan de tún yn Jorwert, dy’t se mei de hiele famylje hawwe) mei elkoar oan de praat yn de tún yn Jorwert. Fertellend oer de tún en de prinsipes wer’t mei wurke wurdt rôp Klaas al gau: it liket hjir wol ‘My biggest little farm’, in film dy’t se noch graach ris yn Mantgum draaie woenen. Sa’n kâns moat je pakke want it boadskip fan de film fertale kinne nei lokale foarbylden is fansels prachtich. Permakultuer komt fan it wurd Permanente Agricultuur en is in ûntwerp metoade foar in ekologyske duorsume omjouwing; de natoer en âlde/tradisjonele túnbou jildt hjirby as foarbyld. De tún yn Jorwert is opboud út de etyske prinsipes fan de permakultuer wei; soarch foar de ierde, soarch foar de minsk en earlik diele. Gjin monokultuer mar júst in ferskaat oan planten en beamen. In pear rigen mei griente, mar foaral in gearwurking tusken beamen, struken en planten. Net safolle swarte grûn mar júst it bedekken fan de ierde mei krûpende planten of mei mulch (túnresten) Mei in oantal basisprinsipes sa as ‘observeer en reageer’ en ‘wês kreatyf yn it omgean mei of it reagearjen
15 Online Touch Home