31

december 2021 31 De nije Mandeguod-ferdieler Doe’t Yme en Ary Meintema oanjoegen dat se mei pinsjoen gongen en dat se de koördinaasje fan it ferdielen fan de Mandeguod graach oan in oar oerlitte woene, hope de redaksje dat der immen wêze soe dy’t dat putsje fan harren oernimme woe. Mar och heden, it rûn stoarm! De Mandeguod fan novimber wie noch mar kwalik út of der wie al in oanmelding fan immen dy’t de nije Mandeguod­ferdieler wurde woe: Johan Heddema. We wiene noch mar krekt fan de skrik bekommen of der wie al wèr in oanmelding: Ria en Harm van der Werf. En dêrnei wiene der nòch fiif oanmeldings om de Mandeguodden út te tellen en nei alle ‘rûnbringers’ te bringen. De redaksje wie fansels tige bliid mei safolle entûsjasme! Want is it soms dreech om frijwilligers te finen, yn dit gefal wie it it tsjinoerstelde! Hoe dan ek, Johan sil de Mandeguodden yn it nije jier allegear úttelle en de pakketsjes by alle rûnbringers op ‘e stoepe sette, en soe it him in kear net passe, dan binne Harm en Ria de reserve­ferdielers. De redaksje maand aanbieding 750 gram iedere dinsdag bij de Poiesz in Mantgum van 15.30 tot 18.00 uur kibbeling + gratis saus voor € 10,

32 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication