december 2021 51 Boppeslach. Sa is de wurkgroep doarpeaksjes by elkoar kommen; dizze wurkgroep hat ideeën betocht om jild yn te sammeljen mei leuke aksjes de kommende tiid. We hoopje dat it doarp de aksjes royaal stypje sil. Ynkoarten mear hjiroer. Ek de fûnsen en subsydzjeoanfragen gean fierder en mei súkses. Sa is healwei novimber in cheque fan € 7.500,útrikt troch de Rabobank foar plan Boppeslach en hat it Greidhoekefûns € 5.000, tasein oan Plan Boppeslach. Wim van Eif hat him troch de fûnsedisk wraksele, sadat we de kommende wiken noch wer nije fûnsen oanskriuwe. Ha jo noch in goed idee hoe’t wy foar plan Boppeslach jild ynsammelje kinne of witte jo noch mooglike sponsoren foar it plan? Meld jo dan (lyk as sa’n 150 doarpsgenoaten) oan foar ien fan de wurkgroepen. Wy kinne subsydzjeoanfregers, snoeiers, broadsjesmarders, Facebookbyhâlders, websidebouwers, kreativelingen, straters, kofjeskinkers en alles mear brûke. Sa meitsje wy mei elkoar én foar elkoar Mantgum in stikje moaier! Oanmelde as frijwilliger kin troch in mailtsje te stjoeren nei: boppeslach@wjukken.nl Groetnis fan it Projektteam Plan Boppeslach Karin van Beest - Korrie Dijkstra - Jant van Dijk - Jelmer Jonker - Baukje Stienstra Eef Heinhuis - ervaren trainer Mindfulness categorie 1 MBSR - MBCL - IMP Zenmeditatie Meer weten? Telefoon: 0612822712 eefheinhuis@8je.nl - www.8je.nl Dokter Fokkewei 10/12, Mantgum
52 Online Touch Home