‘It kin net’ seine de doktoaren, mar ik bin der dochs boppe op kaam. Romke Toering oer syn boek, syn ôfskie en syn comeback Pas as je witte dat de dea der oan komt, tinke je nei oer wat je efter litte wolle. Wat je wichtich fine of in folgjende generaasje fertelle wolle. Sa tocht ek Romke Toering (1947). Fan komôf in Littenser, mar al hast 40 jier wenjend yn Mantgum. In man fan net in soad wurden, dy’t dochs fan tekst syn wurk makke hat. Doe’t hy earnstich siik waard, dat wie yn 2021, wie hy al begûn oan in boek oer syn jeugd yn Littens. Mar nei syn ‘comeback’ – hy kaam nei trije kear reanimearjen wer by – hat er no it boek ôfmakke en útbrocht. Earst efkes foar wa’t Romke net ken: Hy hat 30 jier dé regisseur west fan it iepenloftspul fan Jorwert, hat krekt like lang by Tryater wurke en dêr yn tsientallen, sa net hûnderten, stikken spile en regissearre, dêrneist hat er yn syn begjinjierren regisseur west by amateurtoaniel en ferslachjouwer west oer it keatsen by de Omrop. Mar jo soene him miskien it bêste kenne as de man fan ‘It kin net’ út de bekende Sonnema Beerenburg reklame út 1999 (hy stiet op Youtube). Yntusken is Romke al út it wurk wei, mar it bloed krûpt wêr it net gean kin, yn dit gefal sawol letterlik as figuerlik, want Romke 18 | Mandeguod December 2023 sakke yn 2021 hast yn elkoar. Mei loeiende sirenes nei it sikehûs, wêr’t bliken die dat hy in skuorke yn de aortawand hie en in lekke hertklep. Hy moast reanimearre wurde en kaam lokkichernôch wer by. In tiid fan revalidearjen bruts oan, mar echt fan herte gie it net. Yn oktober foarich jier joegen de doktoaren him op. Hy hie in baktearje op de hertklep en der wie neat mear oan te dwaan. Hy naam ôfskie fan kunde en freonen, makke syn fersferhaaltsjes ôf foar it boek FC Nostalgia en hie gjin fierdere plannen. Mar wûnderbaarlik genôch joech Romke syn lichem gjin belies. It gie stikje by bytsje better en sa koe hy ôfrûne moanne syn boek presintearje op ‘e boppeseal fan de kroech fan Easterlittens. It is in boek wurden mei foto’s en tsientallen lytse fersferhaaltsjes, sa as Romke se sels neamt. Koarte gedichtjes en ferhaaltsjes oer syn jeugd yn Littens. Oer de feehannel fan syn heit, it keatsen, it bûten boartsjen mei neat, oer hoe’t minsken mei elkoar omgiene ensafh. In oade oan in moaie perioade.
19 Online Touch Home