3

Dit is it desimber-nûmer fan Mandeguod – al wer in jier foarby! Is it omdat ik in ‘boomer’ bin en sa stadichoan mear ferline as takomst ha en my dêrom fernuverje oer hoe fluch de tiid giet? Begjin novimber ha ik Romke Toering syn nije boek ‘FC Nostalgia’ mei in soad nocht lêzen, en dan komst ta de konklúzje dat dy hiele wrâld fan de 50er en 60er jierren foar my net iens sa fier fuort liket. Op klompen nei skoalle ta, grutte strikken yn it hier, de húsketontsjes, de akkordeonist dy’t by de doarren lâns giet om foar in dûbeltsje in ferske te spyljen – allegear hiel bekend. Het feest der herkenning! Op 12 novimber wie de feesltike presintaasje fan it boek yn de Littenser herberch en de trije earste eksimplaren wiene foar Romke syn pakesizzers: in prachtich partoerke jonge famkes! Maaike Kuipers hold in nijsgjirrich ynterview mei Romke – dat komme jimme fierderop yn dizze Mandeguod tsjin. Wat ek yn dizze Mandeguod stiet: ús nije redaksjelid Ine Plompen stelt har foar. Hiene we yn it novimbernûmer Femke as redaksjelid útswaaid, fuortendaliks krigen we in mailtsje fan Ine. Dêr binne we tige wiis mei, en we sjogge in goede gearwurking mei Ine wol sitten! Ine wennet noch net sa lang yn Mantgum, mar se is nijsgjirrich genôch om mei te draaien yn it doarpslibben. Fierders is der fan alles te belibjen yn Mantgum: Sinteklaas, workshops yn de Wjukken, in Boppeslach-feest en folle net genôch! De redaksje fan Mandeguod wol jim allegear moaie en gesellige krystdagen ta winskje en in noflike âldjiersdei! De redaksje fan Mandeguod, Maaike, Diny, Boris, Ine, Rinse, Hotze en Lys Mandeguod December 2023 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication