Ald-Mantgumer Frits de Groot efkes werom yn Mantgum Samar in sneontemoarn by de bakker – fjouwer minsken dy’t binnenstappe om oranjekoeke, sukerbôle en dúmkes te keapjen en wat docht bliken: Frits de Groot (81) is efkes werom yn Mantgum mei syn frou, dochter en skoansoan. Sy hawwe de freedtejûns nei ‘De Tocht’ west. Folle mear as in ‘sentimental journey’, want Frits wie ien fan it lytse oantal minsken dat de Tocht fan 1963 folbrocht hat, in prestaasje sûnder wjergea! Frits syn heit wie de oannimmer/timmerman op ‘e pleats wer’t ek Klaversma syn boubedriuw hân hat en wer’t no de famylje Van der Zwaag wennet. Frits is der yn 1942 berne en hat oant ein jierren 60 yn Mantgum wenne, û.o. mei syn frou op ‘e His fan Botnialeane. Doe binne sy ferhuze nei Zeist, wer’t sy noch hieltiten wenje. Fia Gjetsje en my groetet Frits de minsken fan doedestiids! Anna Christien Piebenga Foto’s makke troch Esther de Groot, de dochter Mandeguod December 2023 | 37
38 Online Touch Home