12

Nieuws uit de Doarpstsjerke Mantgum & Skillaerd Restauraasje toer en oerwurk Mariatsjerke rint nei de ein. Nei mear as in healjier yn de stegers, rint de grutte restauraasje fan toer en oerwurk nei de ein. It hat in hele put wurk west foar de ûnderskate oannimmers en spesjalisten dy der mei dwaande west hawwe. In drokke tiid ek foar de tsjerkerintmasters, ûnder harren ferantwurding binne de wurksumheden útfierd. Wilens as ik dit stikje skriuw is de beslissing nommen dat de stegers ôfbrutsen wurde kinne, neidat de hoanne en de bol der wer op en dêr ûnder it krús boppenop de spits der wer opsetten/pleatst binne. In goede fersteander hat de klok wer slaan hearre kinnen, doe’t dy testen waard oft alles it wer die sa as it moat. Nei it fuortheljen fan it oerwurk yn maaie, foelen de klokken stil en moasten de bewenners fan Mantgum it sûnder it lieden fan de klok en it oanjaan fan de tiid stelle. It 12 | Mandeguod december 2024

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication