swemfluezen en soms waarden der ek merktekens yn ’e snaffels snien en elke famylje hie hjirby syn eigen patroan! Waard der in deade swan fûn mei in patroan yn fluezen en snaffels, dan wist men frij gau wêr’t er weikommen wie. En as der in swan yn in ferkearde keppel telâne kommen wie, dan wie frij gau nei te gean wêr’t it bist thúshearde. Der sille grif ek prosessen fierd wêze fanwege spul om it eigendom fan swannen. Yn ’e rin fan in pear iuwen ferdwûnen de hiemen mei swannerjochten, famyljes stoaren út, states en stinzen waarden sloopt en de swannen waarden “algemien besit”, de bisten wiene fan gjinien mear. It lêste hiem mei in swannerjocht wie Hoxwier, Lieuwe Fokkema wie de lêste dy’t it rjocht ek echt útoefene, mar ik haw wol heard dat der wol mear Mantgumers hjirby holpen hawwe. Fokkema merkte syn swannen mei in sneedsje yn ’e linker poat, hy helle de slachpinnen út ’e wjukken sadat se net mear (fier) fleane koene en hy brocht se soms nei oare boeren ta om dêr yn wekken oerwinterje te kinnen (yn in jutesek achter yn ‘e auto, mei de wjukken byinoar bûn, mei de kop ta de sek út, of soms yn ’e Lab-bus, hat Geart Fopma my ferteld!). Fokkema hie in spesjale pols om de bisten fange te kinnen, fan bamboe, mei in blok ûnderoan en oan ’e oare kant in soarte fan heak wêrmei’t er de bisten oan ’e hals fêstpakke koe. Yn ’e Mantgumer Feart wie by’t winter in swannedrift (“wêr’t swannen byinoar dreaun waarden”) earst oan ’e Wâl tichtby it doarp, letter yn in bocht fan ’e Mantgumer feart. Sommige adellike famyljes lieten foar harren swannen halsbannen meitsje, mei de inisjalen of it wapen fan ’e famylje, dan koe in elk sjen fan wa’t it bist wie, mocht it dea oan ’e kant fan ’e dyk lizze. Dizze halsbannen hawwe meastentiids in skarnier en in sluting dy’t mei in pin ticht makke wurde koe, mar der binne ek gewoan sletten eksimplaren bekend. Dy wurde dan op Marktplaats wol oanbean as servetring! André Buwalda fan Skettens hat fan dizze halsbannen in nijsgjirrige útstalling makke yn Histoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert, dizze útstalling is noch oant 1 april yn Boalsert te sjen. Liuwe van der Meer Mandeguod december 2024 | 17
18 Online Touch Home