3

Doe’t myn beppe Maaike noch libbe en as se belle waard dan naam se altyd op mei: ‘Mei frou Boersma’. ‘Soe ik dat ek dwaan as ik op leeftyd bin’, ha ik my wolris ôffrege. It klinkt as dat je jesels âld fiele. Se hie it fêst ek net wurdearre dat se mei ‘do’ oansprutsen waard by de supermerk. Mar tiden, taal en noarmen en wearden feroarje. Sa wie yn de Ljouwerter Krante fan 30 oktober te lêzen dat de NS yn har omropberjochten as eksperimint gebrûk makke fan ‘je’. ‘Je kunt over stappen op de trein richting…’ Dat waard benammen troch âldere minsken net wurdearre. It eksperimint is dan ek net trochsetten. Ik moat ek sizze, ûndanks dat ik noch gjin 40 bin, dat it wol wat gek klinkt. Persoanlik hâldt ik net sa fan vousvoyeren (‘u’ brûke). It jout oan dat in oar heger yn rang stiet of mear autoriteit hat. Mar úteinlik binne we allegear minsken dy’t gewoan sûn en lokkich wêze wolle en sa no en dan nei it hûske moatte. Dêrom brûk ik faak yn stikjes tekst mear ‘je’ as ‘u’ of ‘jo’. It makket it persoanliker en stiet tichterby de minsken. En yn in doarp wêr in soad minsken elkoar kinne, is dat miskien ek wol normaler. Mar lêsto no dizze tekst en hast leaver dat ik dy op strjitte oansprek mei ‘jo’ sis dat dan foaral. Wa wit fyn ik dat oer in jier of 40 ek wol nofliker. Ik kin it my net yntinke… Maaike Kuipers Mandeguod december 2024 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication