Op de foarside fan dizze Mandeguod stiet in foto fan in moai ferljochte beam. As redaksje fine we ‘m wol passend by dit desimbernûmmer. De foto heart by it ferhaal fan Ate de Jong op side 11. It is net samar in beam, mar ien mei in persoanlik ferhaal. Wat my betreft, en de Vattenfalls fan dizze wrâld binne it der fêst mei iens, ferljochtet eltsenien in beam yn syn tûn. It jout wat gesellichheid en waarmte oan dizze donkere tiid fan it jier. En as je dan ûndanks de kjeld jûns toch nei bûten gean, ha je yn elts gefal wat moais te sjen. Fierder yn dit nûmmer ek in ynterview mei de wijkagent. It is goed om te witten wa’t hy is en wêrfoar je him belje kinne. Mar út syn ferhaal docht ek bliken dat hy eins te min tiid hat om echt wat betsjutte te kinnen. No falt de oerlêst yn fergeliking mei wiken yn de stêd, yn Mantgum wol ta. Toch is it behoarlik frustrearjend dat der te faak fytsen stellen wurde fan it stasjon, de boel hjir en dêr fernield wurdt en der sa no en dan behoarlik lûde knallen illegaal fjoerwurk ôfstutsen wurde. Foar wat betreft it stasjon leit der in fersyk by Doarpsmienskip om te sjen wat sy deryn dwaan kinne mei Prorail of Arriva. Mar foar wat betreft die freeslike, hurde knallen is it toch echt oan de âlders om op te treden. Komt it troch ferfeling? Of is it gewoan spannend of ‘kicke’ om soks te dwaan? Hoe dan ek: as der behoefte is oan aktivititeiten of oare bezigheden, dan soe Doarpsmienskip miskien wol helpe kinne. Sy binne op syk nei ideeën of inisjativen dy’t jild nedich ha (sjoch side 7) Miskien in moai ûnderwerp om ris mei dyn soan of dochter te bepraten jûns oan de itenstafel. Ta beslút winskje wy as redaksje eltsenien in gesellige desimbermoanne ta. Tink om elkoar, yt lekkere, fette oaljebollen, drink in beerenburgje, sykje elkoar op, doch tegearre in spultsje. It sûne gedrach komt dan yn it nije jier wol wer. Ut namme fan de redaksje, Maaike Kuipers Mandeguod december 2025 | 3 Prakkesaasjes fan de redaksje
4 Online Touch Home