56

Libbensferhalen skriuwe/Levensverhalen schrijven Yn de rin fan it libben kin it ferlet ûntstean wat oer it eigen libben fêst te lizzen foar bern of bernsbern of gewoan foar josels. Elkenien wit fan it belang fan fotoalbums, plakboeken en deiboeken. By it âlderwurden giet in minske op syk nei syn woartels, nei de ferhalen dy’t achter him lizze. It libbensferhaal wurdt fan libbensbelang. Yn Ljouwert, by Tresoar, is sûnt jierren de kursus Levensverhalen schrijven/ Libbensferhalen skriuwe te folgjen. Dielnimmers skriuwe en werskriuwe (yn it Nederlânsk of it Frysk), en reflektearje op hichte- en djiptepunten út har libben. In soad minsken knappe op fan prate en skriuwe oer it ferline. It jout grip op it deistich libben en sin oan de dagen. Yn de rin fan de lessen docht faak bliken dat neat ûnbetrouberder is as it eigen ûnthâld en dat der mear as ien wierheid bestiet. Dy ûntdekking is fan belang, om’t it jin mylder makket en ynsicht jout yn de betreklikens fan it eigen ‘gelyk’. Al mear as tweintich jier jou ik kursussen Libbensferhalen skriuwe. Dit jier wer by Tresoar yn Ljouwert. As der yn it eigen doarp in groep belangstelling hat, kom ik ek graach nei de minsken ta. (Yn it kafee fan Winsum is der fjouwer kear jiers op tongersdei in ‘weromkom-moarn’, foar wa’t nei de kursus noch graach in stok(je) achter de doar hâldt.) Op myn webside fine jo mear ynformaasje: www.margaclaus.nl Yn oktober begjin ik mei nije groepen. Jou jo gau op, der is no noch plak! 54 Mandeguod Marga Claus - foto Wim de Vries

57 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication