63

Wrafke: Sin Myn namme is noch immer Afke, folút Afke fan it Fryske Wetterlân. Ik bin in Labrador fan it jachtsoartich slach. Nea haw ik in min sin; ik bin nammentlik wakker fleurich fan aard. Ik bin sljocht op trene mei de Frou. Kinsto my midden yn ‘e nachtkoes foar wekker meitsje! Dat wol net sizze dat myn stimming altiten gelyk is. Oer de dei sjoen kin dat like goed fariearje as by minsken. Mar dat wol dyselde minsken faaks net oan. Nim no bygelyks it iten. Jou in Labrador wat yn syn hûnebak en hy fret it daliks op. At it no te fretten is as net. Ikke net. Ik yt allinne at ik d’r ferlet fan haw. Sa net, dan lit ik it grif stean. Myn baaskes moasten dêr bot oan wenne. Sy wiene daliks ûngerêst at ik myn itensbak in heale dei net oanrekke. Hiel oars is dat as ik bliid bin. Dan moat ik earne wat yn ‘e bek hawwe. Sa haw ik in trijetal krûpbisten, ‘knuffels’ neame myn bazen dat. Myn favoryt is Gnoarreke, in barchje mei in ûnbidich lange krolsturt. At d’r oanrin komt, begroetsje ik dyjinge steefêst mei Gnoarreke yn myn waffeltsje. Eltsenien fernuvert him deroer dat it bistke, en mei nammen syn sturt, hiel bliuwt. Fansels! Ik haw in sêfte bek. In jachthûn mei it wyld ommers ek net ferropje! Dochs hawwe se my te pakken hân. Ik liet mei it apportearjen de dummy’s te gau los. Smiet se Frou foar de fuotten. Dat mocht net fan Âldbaas Pyt. Om my dat ôf te learen wie it better dat Gnoarreke ‘op fekânsje gie’. Dat waard alhiel yn sêne set mei kofferke en al, saneamd nei ‘Skylge’ ta. No, dat hawwe se witten! Ik krige dêr net in min sin fan, mar waard suver swiermoedich. Ik tink dat ik my krektlyk fielde as Frou doe’t ik net mear mei har mei mocht nei it sprêkoere ta. Noch gjin twa wike letter wie Gnoarreke wosken en al wer werom. En se wolle it wol litte om him wer ôf te pakken. Koartlyn binne we sels wer nei Skylge west en dan triuw ik Gnoarreke as earste yn myn reistas. En no’t wy it d’r dochs oer hawwe, ik mei stomme graach mei op fekânsje gean. Wy troffen ek noch ris prachtich waar en sadwaande wiene wy de hiele dei op ‘e sweef it eilân oer. Troch de bosken strune, oer it strân dwale en yn ‘e see swimme mei Baas. Geweldich fyn ik dat! Ik mei oeral mei hinne! En as d’r wat bart? Ik bin net sa gau fan’t hynder, hear. Sa sieten wy bygelyks by ‘Storm’ op it terras. Wy hiene krekt allegearre te drinken krigen. Ik hiel attint yn in hûnepanne en myn beide baaskes krigen beide sa’n grutte faas giel huppeltsjewetter mei skom foar harren te stean. Frou moast lyk as altyd efkes nei’t húske ta en hie my oan de tafelpoat fêstbûn, mei ynstruksjes oan Baas om op my te passen. Dat is alhiel net nedich, ik jou my wol del. Doe’t se wer werom Mandeguod 61

64 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication