65

kaam krige Baas it yn ‘e holle in kykje te meitsjen fan Frou en my tegearre op dat terras mei dy lompe fjoertoer op de eftergrûn. Nijsgjirrich wêr’t hy bedarre dikere ik him nei om ‘e stoel hinne en luts sadwaande justjes myn line oan de tafelpoat strak. Dat koenen dy beide faaskes op it taffeltsje net ferneare en dy nukten om. Dêr waard ik efkes sa kjel fan dat ik dy hiele tafel om skuorde fan it terras ôf de strjitte oer. Dat joech in konsternaasje! Glês, reau, tafelplant en piper & sâltlokje, de hiele brot lei yn diggels oer de wrâld. Ik moat bylje dat Baas & Frou dêr mear lêst fan hiene as ik. En mar omtsiere dat ik net oan de tafelpoat fêstbûn wurde moatten hie. De beide froulju fan de betsjinning hiene rap de saak opromme en gelyk nije faaskes huppeltsjewetter ynskonken. Wol spitich dat Baas yn dy alteraasje dít barren net mei syn kykdoaze fêstlein hat, wylst er de hiele dei mei dat ding yn ‘e oanslach stiet… Sels bin ik lykwols net gau fan ’t sintrum. Frou fynt my wolris wat ûndogensk. Dat ik bygelyks net lústerje at sy my ropt. Ja, duh, at ik op ‘e sneup bin en hast in mûs te pakken haw, dan kin ik dy dochs net slûpe litte? Eins hear ik har dan net iens. Ik bin krektlyk as Baas, dy kin ek mar ien ding tagelyk! Ik haw in stabyl moed en bin dus meastentiids fleurich. Mar ik kin ek ferskuorrend út de skroeven wêze! Fral at d’r besite komt. Bygelyks famylje of goeie kunde fan myn baaskes. Ik reitsje hielendal optein at sy in soartgenoat meinimme dêr ’t ik mei boartsje kin. Lekker troch de tún rauze en hûntheie. Hearlik! Dan wit ik betiden net mear fan ophâlden. Op soksoarte mominten lûk ik in sprintsje en giselje yn ‘e rûnte oan ’t ik suver op apegapen liz… Sa kaam op Skylge Puck in dei lâns. Puck is in jonge swarte teef fan it itselde laach as my. Geweldich, wat in wille hawwe wy hân. Mei-inoar trene, boartsje en oer it strân fleane. Grutter deugd kinne se my net dwaan. Benijd at ik ite wol nei sa’n dei? No, dêr haw ik dan wol sin oan! Net fierder trochbylje, hear, mar faaks krij ik d’r ek noch wat op ta fan Baas... menno@bistedokter.nl Mandeguod 63

66 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication