24

Havenynformaasje Jim binne fan herte wolkom yn ien fan de fjouwer moderne jachthavens yn Grou . Alle havens binne op loopôfstân fan de sfearfolle winkelstrjitten en de bêste restaurants. De havens binne fan alle gemakken foarsjoen en de freonlike en gastfrije havenmasters tinke graach mei jim mei om it ferbliuw yn Grou sa goed mooglik nei ‘t sin te meitsjen. It makket ek neat út yn hokker haven ast oanleist. As it no de Pikmarhaven, de Hellingshaven, de Nieuwe Kade of de Suderkade is, yn alle havens binne de sanitêre foarsjennings prima regele. Dit jildt ek foar de wetteren elektrisiteitsfoarsjennings. By de haven njonken it Zeilcentrum is in swimstrân en in boarterstún foar bern. Tink d’r om de Hellingshaven is ynrjochte foar boaten oant maks. 12 meter. Sanitêre foarsjennings De iepenbiere sanitêre foarsjennings binne op de folgjende lokaasjes: Yn it havengebou Havenhûs oan de Meersweg njonken restaurant Het Theehuis. Iepen fan 08.00 oant 20.00 oere. Bûten dizze tiden om kin it toilet allinnich fia in tagongskoade brûkt wurde. Op it oernachtingsbewiis stiet de tagongskoade. By de Hellingshaven yn it Havenhúske De toiletten binne 24 oeren deis iepen. Foar it dûsen kinne jim nei it Havenhûs of nei de muzyktinte op it Halbertsma’s Plein. Yn it sintrum ûnder de muzyktinte op it Halbertsma’s Plein. iepen yn juni, july en augustus fan 07.00 oant 22.00 oere. Yn de kelder fan it Zeilcentrum oan de Wilhelminastraat. Iepen fan 07.00 - 22.00 oere en kin fia in tagongskoade (stiet op it dizze oernachtingsbewiis) brûkt wurde. Tidens de iepeningstiden fan Zeilcentrum Grou Meet&Eat is de koade net nedich. Ôffal en smoarchwetterôffier Húshâdlik ôffal kin yn de ôffalkontainers by de toiletgebouwen yn de jachthavens. Foar it leegjen fan de smoarchwettertank is plak by steiger C yn de Pikmarhaven en de FRO-kade yn de Hellingshaven. Brûk de griene lienfyts De griene lienfyts stiet klear as jim wat fierderop yn de buorren wêze moatte. Bygelyks foar in boadskip by de apteek of nei de bibleteek. It kostet neat. Service fan de havens! Freegje de havenmaster nei de mooglikheden. Lisjild By oankomst graach melde by de havenmeester. En ferjit dyn boks-/plaknûmer net. It lisjild foar in oernachting is € 1,21 de meter. Leafst te beteljen mei pin. Op de webside www.leeuwarden.nl stiet it havenreglemint. Berikberens Havenmaster De havenmaster is telefoanysk te berikken fia +31 (0) 6 53151298 of fia e-mail havenmeestergrou@ outlook.com. De havenmaster is elke dei oanwêzich yn it havengebou Havenhûs en komt ek oan ‘e ein fan de middei of moarnsbetiid del. De havenmaster is oanwêzich/makket syn rûntsje op de folgjende tiden: Etienne Bosman Havenmaster +31 (0) 6 51351298 1 april oant 1 juny 08:30 - 10:00 14:00 - 19:00 1 juny oant 1 sept 08:30 - 11:00 14:00 - 20:00 1 sept oant 1 nov 08:30 - 10:00 14:00 - 19:00  HavenGrou De aktiviteiten fan de havenmasters binne ek nei te gean fia HavenGrou. De Facebookside is tagelyk in manier om ynformearre te wurden oer aktuele saken en oare nijsgjirrige dingen. 24

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication