24

MantgumDoet Ja, it stiet der dúdlik: MantgumDoet. Faak lêze je lykwols net wat der stíét, mar wat je tínke dat der stiet: NLdoet… Ach, ja, laket Bettie, in pear jier lyn ha we besocht om op de list fan NLdoet te kommen, mar och heden! Earst oeren achter de webside sitte om der troch te kommen, en dan woene se fan alles witte: wat alle telefoannûmers wiene, de e-mailadressen, it nûmer fan de Keamer fan Keaphannel, en folle net genôch. Doe tochten we: lit mar, we neame it gewoan MantgumDoet, en we rêde ússels wol! En och, no rinne we fansels wol de kâns mis dat Keninginne Máxima lâns komt om ek te helpen mei it poetsen, mar dat is net oars… Poetse, dêr giet it dus om! Bettie Bruynzeel is ien fan de minsken dy’t harren ynsette foar de Mantgumer tsjerke, en dêr falt ien kear yn it jier ek it ûnderhâld oan de binnenkant fan de tsjerke ûnder. It giet op sa’n dei om himmelwurk sa as it keukentsje, de hal yn de toer, dweile, stofsûgje, wat koperwurk dat poetst wurde moat (mar dat docht Jeltsje altyd, dus dêr komme jo net mear oan te pas…) en soksoarte saken. Mar de grutste put is fansels: it houtwurk! Al it houtwurk moat nammentlik sa no en dan (ien kear yn it jier, dus) yn de bijewaaks set wurde. Ynwriuwe en útpoetse! In hûd fol wurk! Wurdt dat net dien, dan wurdt it allegear feal en flets, en it komt it houtwurk ek net te’n goede. Bettie fertelt hoe’t soks bytiden yn earder jierren gong: it houtwurk yn de bijewaaks sette is sa’n grutte put, dat Siebolt en Aukje in wike foar de himmeldei al begûnen mei poetsen, en dan waard de rest noch troch 22 Mandeguod

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication